De âlde Fryske seehannelsfeart

(18de jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2012)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Nederlân is in seefarrend lân, al iuwen en iuwen lang. Fryslân is dat, as kustprovinsje by útstek, wier net minder. De Noardsee hiet yn de Midsiuwen Fryske See, om mar wat te neamen. Mar nettsjinsteande dit ferneamde ferline as seefarrend lân witte we eins noch net folle fan ús maritime skiednis. Sa fertoant de kennis fan de ekonomyske betsjutting fan de seehannel op it Baltikum -dat de grûn lei foar ús wolfeart- noch in soad gatten. Troch it hurde wurkjen fan de klerken fan de Deenske kening komt dêr stadichoan ferbettering yn. Fan 1497 oant 1857 hâlden se ta geunste fan de tolheffing foar de kening yn de Sont presys by wat foarbykaam, sa'n 1.800.000 skipsbewegingen. Leafst 700 tsjokke, hânskreaune bannen melde skippers, har wenplak, lading, skipstype, komôf, bestimming. Tresoar en de Ryksuniversiteit Grins binne no hast trije jier dwaande dizze grutte berch gegevens te digitalisearjen (sjoch www.soundtoll.nl) sadat wittenskippers en sneupers statistyske analyzes útfiere kinne en dêrmei nije ferbannen lizze.

Dat is ek foar it ûndersyk nei de skiednis fan de Fryske skipfeart fan belang. Ommers: by krapte oan steapelfunksje yn ús havens en sûnder achterlân fan belang is hjir amper kennis beskikber om better ynsjoch te krijen yn dit dochs spannende aspekt fan ús Fryske ferline.

Yn dizze Fryslân steane artikelen dy't oer de kennis geane. Hanno Brand, wittenskipper by de Fryske Akademy en belutsen by it Sonttol-projekt en foaral ek mei de saneamde Sailing Letters (dokuminten fan troch de Ingelsen kaapte Fryske skippen), skreau in moai oersjoch fan de iermoderne Fryske seefeartskiednis. Ben Stenekes is al jierren drok dwaande einleaze analyzes te meitsjen fan de wûnderlik grutte rederskoloanje op Flylân. Einlings kin er hjiroer publisearje. De skiednis fan East-Flylân blykt alles te krijen te hawwen mei de striid fan de wettergeuzen. Jelle Jan Koopmans is drok mei promoasje-ûndersyk op grûn fan de gegevens fan de Sonttolanalyzes. Hy skriuwt oer de famylje Kingma fan Makkum; suksesfolle skippers en reders. En de bydrage fan Hugo ter Avest giet oer de sûnder mis belangrykste seehaven, Harns. Yn de rubriken in spannend ferhaal oer de aparte libbensrin fan wyldebras Tjalling Terpstra, Frysk Beweger yn in soad opsichten. In spektakulêr libben mei nuvere saken krige in sensasjoneel ein. En wat te tinken fan it koppige folhâlden fan Anne Bajema, útfiner fan in revolusjonêre melkmasine? Him lake oan de hoarizon ivige rom en wolfeart ta, mar de ein wie fertrietlik. En wat hat de oerfloedige âlde Fryske petiele eins te krijen mei de Fryske taalstriid? En mei Simke Kloosterman? In bysûnder hoekje yn it depot fan it Fries Museum is ynrjochte foar de saneamde 'donderbeitels' út it lân fan jonker Van Swinderen yn Gaasterlân, by Riis. Lang waard tocht oan it iennige Fryske hunebêd. Mar neier ûndersyk wiisde út dat it om in folle seldsumer stienkiste giet. Eelke Lok mei graach de geasten yn Fryslân prikelje mei in skerpe stelling. Faak hâldt er ús in spegel foar. No liket er tydlik lêst te hawwen fan wat mismoedigens: Fryslân sliept! Mar Eelke sil net neilitte ús gau wer wekker te skodzjen.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine