De kar fan 1813

(19de jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2013)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Dit en de kommende twa jier wurdt in soad omtinken bestege oan "200 jier keninkryk". "1813" is in belangryk jier yn ús skiednis. It jildt as in nije start op de púnheapen fan de Frânske Tiid. Feitlik betinke we twa iuwen Oranje op de troan en, min ofte mear, twa iuwen desintraal bestjoerde naasjesteat as refleks op de gaos dy't de âlde Republyk der mei har gewestlik spul en gedoch fan makke hie. Dizze fêstbakte swartwyt-tsjinstelling bepaalt de feestlikheid fan no. Fraach is oft dy hosannah terjochte is, oft we ús net tefolle liede litte troch it byld dat achterôf ûntstien is. Komt dat wol oerien mei de histoaryske werklikheid? En, wat ús oangiet: die doedestiids 'de Fryske skiednis' net mear mei om de takomst foarm te jaan? Hie se ôfdien as ynspiraasjeboarne? Of spannen de frisisten har yn om de gewestlike eigenheid mear folume en heroyk te jaan, as ekstra argumint tsjin it fuortjaan fan de soevereiniteit oan "Den Haag"?

Dizze Fryslân reflektearret de kar fan doe tsjin de achtergrûn fan syn alternativen, al dan net fuortkaam út persoanlike belangen en stive âlde prinsipes. En: hoe Frysk koenen de federativen wêze nei't eins al yn 1801 ûnder swiere Frânske druk it pleit besljochte wie en de kâns op gewestlike soevereiniteit sa goed as oer wie? Jacques Kuiper, promovearre op it ûnderwerp, Philippus Breuker, op dit mêd hast publisist te neamen, en Peter de Haan, drok mei it ferhaal fan de befrijing fan de Frânsen, litte yn fjouwer artikelen har ljocht skine op in nijsgjirrige faze fan ús skiednis.

As in soarte fan oankundiging fan in letter temanûmer oer de Fryske film, in koart artikel fan Syds Wiersma fan it Fries Film Archief. Fierder fertelt Nelleke IJssennagger oer de opfallende Joost Swarte-strip yn it Fries Museum, is der omtinken foar in moaie útjefte oer histoaryske fêstingwurking yn it Noarden, de fermerking fan de Kanon fan de Fryske Skiednis fia de Omrop, en beljochtet Doeke Sijens de meast folkse fan de Fryske Bewegers, Waling Dykstra.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine