De Fryske Marren

(19de jiergong, nr. 3, maaie/juny 2013)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Us marren binne, hielendal yn ekonomysk swiere tiden, in ûnmisbere ynkomsteboarne foar Fryslân. As in Súd-Europeesk probleemlân driuwt ek Fryslân foar in part op Dútske ynvestearringen, al kinne we fan miening ferskille oer de kwaliteit fan de tsjinprestaasje en de toan fan wurdearring foar ús easterbuorlju. In neiere blik yn de skiednis leart dat it swiete wetter altyd al soarge foar in goed stik brea. It iennige dat wol feroare, is de driging fan it rûge wetter dat kostbere lânbougrûn opslokt, guod oerstreamt en fee ferdrinke lit.
It binnenwetter stiet sa goed as beitele yn de blaudruk fan it Fryske karakter, folle mear as de see om ús hinne. Dat kin ek lestich oars as we witte dat ús gewest fanâlds in archipel fan (skier)eilantsjes is. Plassen en marren kamen en gienen troch sâltwinning, drûchmealjen foar nije lânbou, turfgraverij, oerstreamingen en transport. Doarpen ferdwûnen yn de kolkjende wettermassa, de helte fan Fryslân wie iuwenlang allinne oer it wetter berikber. Fjouwer artikelen yn dizze Fryslân beljochtsje ferskillende aspekten fan de rol fan de marren yn de Fryske skiednis.

Yn dizze edysje ek in skets fan Doede Nieuwenhuis; in ûnderwizer fan de klassike stimpel dy't him mei alle siel en sillichheid ynsette foar de Fryske taal, mar syn idealen samar achterliet doe't er nei Utrecht ferfear. Hilarysk en tragysk wienen de lêste desennia fan de Harnzer Admiraliteit: foar fierstente folle jild waarden skippen boud dy't de haven net iens út koenen. Korrupsje fierde heechtij, de bestjoerlike skjinmak kaam der net. Beskamsum, mar it leveret wol in boeiende fertelling op. De skiednis fan bearenburch stiet de measte minsken net helder foar de geast, mar hoe siet it no krekt mei dat 'It kin net!'?

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine