De Fryske Ko

(17de jiergong, nr. 4, july/augustus 2011)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

It is mar goed dat it ferneamde brûnzen byld fan ús mem yn Ljouwert op in sokkel stiet, dan liket dizze oer-Fryske ko noch in bytsje ymposant. Se is eins mar in lytskenien. Sok praat moast begjin jierren fyftich, doe't oer de foarm fan it byld neitocht waard, net hawwe. De makker, de Ljouwerter keunstner Gerhardus Adema, waard by wize fan sprekken gek fan de bemuoisucht fan foaroansteande feefokkers: gjin detail ûntkaam oan har oandacht en hieltyd rûnen se de keunstner mei nije easken foar de fuotten.

It yn 1954 by de gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan it Friesch Rundvee Stamboek ûntbleate byld leit -figuerlik- oan gruzeleminten: sokke lytse kij rinne der net mear rûn. Begjin jierren santich gie it roer om en no binne hast alle kij op melkfeehâlderijen Holstein Friesians. De molke, want dêrom draait it dochs foar de boer, is ferdûbele en rint ûnderwilens rjochting de 10.000 liter it jier.

De rom fan de Fryske kij is skiednis. In moaie skiednis, want fol fan hichte- en djiptepunten, fan gloarje en drama. Fan oansprekkende feefokkers, ymposante eksport en noch altyd grutte ekonomyske betsjutting, al is hast alle suvelyndustry út Fryslân fuort. De ko sprekt sterk ta de ferbylding. Hillich is se dan wol net, koestere en knuffele wurdt se wol. In licht waggeljende skjintme is se, mei as ûnmisber spegelbyld de stoere bolle. In soad minsken belibje wille oan it skilderjen fan kij en bollen, wat noch net tafalt. Dizze Fryslân fertelt oer 'ús' Fryske ko. Wa kin dat better as Reimer Strikwerda? Dizze Fryske boeresoan folge de feefokkerij desennia achterelkoar fan tichtby en publisearret der noch geregeld oer.

Yn dizze Fryslân ek in biografy oer it boeiende libben fan útfiner/keunstner Abe Gerlsma. Yn it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld rint oer him in moaie tentoanstelling: keunst en boere-ark, in moaie kombinaasje foar in útstapke. Nochal dramatysk, hast oandwaanlik wie it lot fan Binne Veltman, leafdefol troch Doeke Sijens besprutsen. De dea fine achter de piano, troch tonger: dat is op syn minst orizjineel. Oer in bysûndere oankeap fan berneklean troch it Fries Museum skriuwt Gieneke Arnolli. Der is noch ûndersyk nedich om krekt te achterheljen hoe en wat. Peter Karstkarel pakt út mei in oersjoch fan sjaletbou yn Fryslân. Dêr is dochs noch fole fan te sjen. Faak binne de gebouwen mei oandacht en leafde boud, dus hiel apart is it net dat der noch safolle fan te sjen is. Mar we bliuwe Nederlanners: hjir en dêr moast it ek nuttich wêze, bygelyks mei ynspringingen by slûswachterhûskes, sadat de slûswachter fan binnenút oankommende skippen sjen koe. Koperslagger Jan Dijkstra is op de achterkant te sjen op in wize dy't by syn libben selden foarkaam: yn folle gloarje. Yn syn lange wurksume libben wie er ommers min ofte mear opsletten yn syn krappe, benaude en bar net sûne wurkpleats.

Lêste online nûmers