De dage fan de sport yn Fryslân

(18de jiergong, nr. 4, july/augustus 2012)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

It is amper mear foar te stellen dat sport yn earder tiden in wat obskuere saak wie of foar minsken mei tiid, jild en gekke ideeën, of 'fanatikelingen'. Oardel iuw lyn wie sport, benammen yn Fryslân, in lytse bysaak, dy’t bytiden soms hurd útgroeie koe ta in haadsaak. Sport waard sjoen as in foarm fan fariëtee (passyf), soms om gau jild en rom te fertsjinjen (reedriden en keatsen). Meastentiids lei de organisaasje yn hannen fan kasteleins en lang stie meidwaan yn it teken fan jildprizen winne wolle. In soad fuotbalfjilden wiene oant djip yn de 20ste iuw yn eigendom van de kroechbaas. It spylfjild wie trochstrings it ferlingde fan it dranklokaal.

Om 1900 hinne krigen in soad sporten in fêstere organisaasjestruktuer en dêrmei in basis foar sterke groei en bestindigens. Keatsen is dêr in moai foarbyld fan, sa’t yn dizze Fryslân te lêzen falt: it bleau fan belang om stêd en lân ôf te reizgjen om jildprizen te winnen, mar hieltyd mear om de eare fan it eigen doarp. It ferieningslibben sa’t dat hjoed-de-dei yn besprek stiet (de yndividualist wol hjoed-de-dei ‘shoppe’ kinne en net langer fêstsitte oan klupferplichtingen) is by útstek de organisaasjefoarm dy’t fan sport in (aktive) massa-aktiviteit makke hat, dy’t yn (passive) publike belangstelling syn wjergader net ken. Pim Mulier, fan Wytmarsum, hat dêryn in net út te wiskjen yndruk makke; tink oan it reedriden (Alvestêdetocht).
De sporter voegt zich al een eeuw in de werkwijze van de clubstructuur: dat is zijn kader. Maar de andere kant van sport is de held: daarin leeft nog altijd de variété-vorm door: we kijken nu eenmaal graag naar iemand die met zijn lichaam grootse prestaties behaalt. Abe Lenstra is wat dit betreft Frieslands grootste held: wie wil niet zo goed zijn als hij?

It is apart dat sport hjoed-de-dei sa’n wichtige rol spilet, mar tagelyk amper ûnderwerp is fan (akademysk) ûndersyk. Net sûnder grutskens presintearret Fryslân fjouwer artikels oer de begjinjierren fan de sport yn Fryslân fan akademyske oarsprong, wêrûnder twa promovendi.

Yn dizze tiid fan it jier bloeit de sûkerei. Yn Fryslân in artikel oer it betsjuttingsfolle ferline fan dy moaie plant.
Willem Loré is in fergetten wettersteatsyngenieur, mar syn wurken binne yn ús provinsje noch sichtber, bygelyks by de westlike kustferdigening. Wat wie ek wer syn ‘gloaiende dykhelling’?
Koutille is in plak by Frjentsjer dat mar in pear mear wat seit. Spitich, want dit wie in belangrike oerstek.
Ruurd Tjallema fan Snits wie farvemakker. In portret fan de man fan wa’t syn fabryk op it lêst úteinlik oernommen waard troch Akzo en út Snits ferdwûn.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine