De Byldestoarm

(22ste jiergong, nr. 5, septimber /oktober 2016)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Al hoe krúsjaal de Byldestoarm foar de skiednis fan de Lege Lannen wie, we witte noch hieltyd net goed wêrtroch’t dizze feroarsake is. De stekflam dy’t op 10 augustus 1566 yn it Frânsk-Flaamske Steenvoorde ûntstutsen waard en hiel rap nei it noarden luts, ûnderweis hûnderten tsjerken ferwoastigjend, wie yn alle gefallen net opwâling fan it grifformearde leauwe dat samar opkaam.

Sa’t twa artikelen yn de nije Fryslân dúdlik meitsje, wie de protestantisearring al desennia oan de gong. De útbarsting fan geweld wie dêr mear in woeste uting fan, as dat it folk ynienen befongen waard troch grifformeard besef. Miskien yndachtich de folksaard kaam it yn Fryslân oars amper ta gewelddiedichheden; hjir en dêr waard yn Ljouwert wat sulverwurk yn feilichheid brocht. De regionale oerheid hie him al dellein by de nije religieuze wyn; sûnt langere tiid hie it Hôf de ketterferfolging staakt. Nettsjinsteande dat is ek yn Fryslân de Byldestoarm in brekpunt: it ‘nije leauwe’ koe nei tsientallen jierren min ofte mear tastien te wêzen, iepentlik beliden wurde.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (redactiefryslan@upcmail.nl) of op ús facebookpagina of twitterpagina.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine