Dage fan de moderne tiid

(21ste jiergong, nr. 4, july/augustus 2015)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Op 20 juny 1789 begjint de Frânske Revolúsje dy't foar hiel Europa, en dus ek Fryslân, grutte gefolgen ha sil. Uteinlik docht bliken dat maatskippij en oerheden skoksgewiis in nij tiidrek ynkatapultearre binne, mar ûnderwilens wienen de ferskrikkingen fan de napoleontyske oarloggen dy't Europa yn earmoed stoarten. Fryslân krijt dêr syn part fan, en ûntkomt likegoed net oan de konskripsje, de tsjinstplicht.

Yn it begjin wurden de Frânsen sjoen as befrijers út in stiif en âlderwetske maatskippij mei in autoritêr regear. Ek yn Fryslân wurde frijheidsbeammen plante. Mar as it lân finansjeel leechsûgd wurdt en fan syn jongemannen berôve, slacht de stimming om. Yn 1813-1815 folgje de foarfallen yn it earme lân elkoar fluch op, mar ien ding is wis: Napoleon mei noait weromkomme, de Frânsen wurde hate. Dat dizze emoasjes ek yn Fryslân sterk spylje, bleau lang ûnbekend. Mar it lijen waard wol deeglik field, sa blykt út twa langere bydragen yn dizze Fryslân. Friezen wienen hielendal net nuchter en hânsum.
Fan hiel oare oarder binne de wederwarichheden fan de famylje Canter Visscher yn de Fiere East, dy't Bauke van der Pol yn in miny-searje beskriuwt, yn dit nûmer diel ien. Fan grutte tragyk is it ferhaal oer de koarte skriuwerskarriêre fan Riemer Riemersma. Om 'e nocht socht er omtinken foar it net begrepen fertriet fan de Fryske soldaten dy't dielnamen oan de Polisjonele Aksjes. Yn de rubriek 'Historici in Friesland' komt Hans Mol oan it wurd.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine