Beskamsume marine

(27ste jiergong, nr. 3, maaie/juny 2021)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Wie de marine fan de Republyk yn earder iuwen in wrâldmacht dêr’t men ûntsach foar hie, ein 18de iuw wie fan dy reputaaseje net folle oer. It lân wie beset troch Frânske revolúsjonêre troepen en om har in ho ta te roppen, foelen Ingelske en Russyske troepen yn augustus 1799 de Noard-Hollânske kust oan. Yn it gefjocht spilen de Nederlânske seelju in minne rol mei rôf, plonderjen, flecht, drankmisbrûk, mishanneling en oproer. Yn de rige oer de maritime skiednis fan Fryslân skriuwt Nykle Dykstra oer fergetten episoaden fan dit amper ferheffende ferline.
Fierders yn dizze edysje in ympresje fan de bysûndere arsjitektuer oan de Ljouwerter Harnzerstrjitwei; de libbensrin fan Hendrik Nijp, in ûnferbetterlike krimineel, en de ynfloed fan natuergeweld op it lânskip, mear spesjaal de heftige stoarmen yn de 18de en 19de iuw en de bykommende ellinde troch de pleach fan pealwjirms. Twa plakken falle dêrby op: de slieperdyk by Surch en it Warkumer Nijlân.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (redactiefryslan@upcmail.nl) of op onze facebookpagina of twitterpagina.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine