Bylden fan de oarloch

(19de jiergong, nr. 2, maart/april 2013)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Healwei april is it foar Fryslân 68 jier lyn dat in ein kaam oan de Twadde Wrâldoarloch. Ek al is hjir amper fochten en bombardearre, wienen gjin grutte deportaasjes of eksekúsjes, foar har dy't it meimakken, bleau de oarloch libbenslang in traumatysk barren. Dy oarloch is foar hieltyd minder minsken in persoanlik oantinken, foar hieltyd mear skiednis, dus oantinkens fan oaren: bondele yn ferhalen, ferteld en beskreaun, en bylden. Hat it persoanlike oantinken de oanstriid de utersten te fersterkjen, it byld út de skiednis feroaret mei de tiid. It Fries Verzetsmuseum yn Ljouwert is dêr in goed foarbyld fan. Erik Somers fan it NIOD (dy't op dit ûnderwerp promovearje sil) beskriuwt hoe't it Verzetsmuseum him ûntwikkele fan in partikuliere samling guod oer it Fryske ferset ta in museum dat it bredere ferhaal fertelt oer de oarloch yn Fryslân. It begryp 'ferset' bliuwt fansels belangryk, mar is yn de namme inkeld hanthavene fanwege de bekendheid fan dy namme.

Hast fergetten binne de aventoeren -sa meie we se wol neame- fan de saneamde Oostlanders; boeren dy't yn de troch Hitler ferovere slavyske gebieten de aryske ferwurvenheden útbouwe moasten. Ut har ferhaal, optekene troch Kerst Huisman, blykt dat de oarloch gjin ferhaal is fan swart of wyt, mar fan in diffús skala griistinten. Minder fier fuort, mar wol sa eangstich meitsjend, is it lot fan neisten yn it bombardearre en baarnende Rotterdam. Aly van der Mark fûn emosjonele brieven fan har âlden.
Yn dizze Fryslân de earste fan in searje oerdrukken út de skitterjende stêde-atlas fan Frederick de Wit, fansels begjinne we mei Ljouwert, mei in ynlieding troch Reinildis van Ditzhuyzen en Kerst Huisman. Ek in oandwaanlik ûntdekkingsferhaal: Jan Mulder fûn nei in soad en deeglik speurwurk de plakken werom dy't begjin 19de iuw op in behangselskildering fêstlein binne en dy't twa iuwen lang yn in Ljouwerter patrisiërshûs hongen.
Benammen eigenaardich is Doeke Sijens syn stik oer Eelco van Kleffens. Van Kleffens is as held sûnder wryt of slyt út de finansjele wrâld ien út in oar tiidrak. Hy wie de nuchterheid sels, en dat liket hast yn tsjinspraak te wêzen mei syn hast-dweperij mei syn Fryske woartels.
Nelleke IJssennagger hellet wer in oare myte oeral: út ûndersyk nei it skelet fan Easterbeintum blykt dat de bewenners yn de Iere Midsiuwen nochal mobyl wienen en hielendal net in libbenlang op itselde plak bleaunen: der wennen in hiel soad migranten.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine