Banken – sparje en liene

(16de jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2010)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Us foarâlden wienen lang net sa deeglik as wy tinke. Spil- en spekulaasjesucht wienen ûndeugden dy't ûnder de gegoede Nederlanners rom ferspraat wienen. De Maatschappij tot Nut van 't Algemeen, in ideële ynstelling, begûn yn de 19de iuw mei it propagearjen fan it sparjen en rjochte dêrfoar sparbanken op. Neffens har oertsjûging soe sunich wêze de arbeidersbefolking selsbewust en ûnôfhinklik meitsje. Dat slagge goed: yn oardel iuw waarden de Nederlanners in hiel sunich folkje.

It Nederlânske bankwêzen kaam yn 1924 yn in soartgelikense krisis as yn 2008. It wie de letter sa ferhune minister-presidint Hendrik Colijn, dy't it Nederlânske bankwêzen mei stipemaatregelen oerein hâlde. Al dêrfoar wie it fertrouwen fan de befolking yn de soliditeit fan de banken ta in djiptepunt sakke. Sa koe yn 1921 ien inkele bôleferkeaper in run op de sparbank yn Ljouwert feroarsaakje. Dy't lykwols noch krekt op 'e tiid rêden wurde koe.

Dit is mar in lytse greep fan wat der yn de ferskillende artikelen oan de oarder komt. Der is in soad oerienkomst mei it ferline. Mar der binne ek grutte ferskillen. Prosessen as skaalfergrutting en globalisearring ha it Nederlânske bankwêzen yn har greep krigen. Lokkigernôch is de Friesland Bank himsels bleaun. In bank dy't yn Fryslân woartele is en dy't him nei bûten, want de Friesland Bank is allang gjin regionale bank mear, identifisearret mei eleminten út de Fryske kultuer. Dêrmei hat de bank sukses. Wat ek wer ôfstrielet op Fryslân en de Friezen. Itselde docht ek it Keninklik Fryske Genoatskip. Dêrom dat de presintaasje fan dit temanûmer - hiel tapaslik – op it haadkantoar fan de Friesland Bank wie.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine