Baanbrekkend pleatse-ûndersyk

(22ste jiergong, nr. 3, maaie/juny 2016)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Byldbepalend ûnderdiel yn it Fryske lânskip is de boerepleatssûnt lange tiid it stoere beaken fan sosjale, ekonomyske mar ek lânskiplike gearhing. Mar de pleatsen meitsje yn rap tempo plak foar boerderettes en smelle feeloadsen. Mei dat sloopwurk ferdwynt in part fan ús identiteit, mar ek in boarne fan kennis foar de skiednis fan de Fryske pleats. We tinke dat we der al safolle fan witte, mar it ûndersyk is de lêste desennia net bot opsketten. Lokkigernôch is der no in entûsjaste leafhawwer dy’t him mei grutte kennis fan saken op de matearje stoart en der graach oer fertelt: Paul Borghaerts út Easterein. In wiidweidich ferslach yn dizze edysje.

Bytsje by bytsje wurde de lêste jierren gatten yn ús oarlochsbibliografy folle. It wol en benammen it wee fan ús keapfardijfloat yn de Twadde Wrâldoarloch is sa’n gat. Krekt as by pleatse-ûndersyk is dat eins in ûnbegryplik gemis, sjoen it belang derfan.

Fleuriger tiden komme werom yn Appelskea, dêr’t mei Pinkster de reade dageread noch altyd gloeit.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (redactiefryslan@upcmail.nl) of op ús facebookpagina of twitterpagina.

Lêste online nûmers

Fryslan Friese marine