Oer It Keninklik Frysk Genoatskip

It Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer, oprjochte yn 1827, wol it ûndersyk nei en de belangstelling foar de Fryske skiednis en kultuer befoarderje.

Om dizze doelstelling te berikken jout it Genoatskip twa periodiken út: it wittenskiplik jierboek De Vrije Fries en it publykstydskrift Fryslân. Dêrneist hat it Genoatskip noch in tal oare aktiviteiten lykas ekskurzjes, lêzingen en dizze webside. De Vrije Fries en it histoarysk tydskrift Fryslân. It Keninklik Frysk Genoatskip jout ynsidinteel en beheind subsydzje foar it ta stân kommen fan (wittenskiplike) publikaasjes. Jo kinne in fersyk rjochtsje oan it sekretariaat. info@friesgenootschap.nl

As oprjochter fan it Fries Museum, dat ûnderwilens selsstannich wurden is, is it Frysk Genoatskip noch altyd de formele eigener fan in belangryk part fan de kolleksje fan dit museum. Yn de kolleksje fan it Frysk Genoatskip binne ûnder oare de pendantportretten fan Hylck en Frans van Eysinga troch Wybrand de Geest út 1634 (earste en twadde foto) en in soad stikken Frysk sulverwurk (tredde foto).