Gearfettingen

Gearfettingen downloade

Gearfettingen De Vrije Fries 2020
Gearfettingen De Vrije Fries 2017
Gearfettingen De Vrije Fries 2016
Gearfettingen De Vrije Fries 2015
Gearfettingen De Vrije Fries 2014


Oer de gearfettingen

Fan jier 2014 ôf publisearret De Vrije Fries gearfettingen fan ’e bydragen dy’t opnommen binne yn it jierboek. Dy gearfettingen wurde online oanbean, dat wol sizze: yn PDF-dokuminten op ’e website pleatst.

Lêswizer
  1. De gearfettingen wurde trijetalich oanbean: Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. De folchoarder is hieltyd sa, dat de taal dêr’t it artikel yn skreaun is as earste folget. Dêrnei komme de Fryske, de Nederlânske en/of de Ingelske oersetting.
  2. Allinnich auteurs dy’t ferbûn binne oan in ynstelling, wurde fermeld mei de namme en it fêstigingsplak fan it oanbelangjende ynstitút. Lêzers dy’t ynteressearre binne yn kontaktgegevens fan auteurs dy’t net oan in ynstelling ferbûn binne, kinne har ta de redaksje rjochtsje.


Peer review proseduere

By it beoardieljen fan artikels makket de redaksje fan De Vrije Fries gebrûk fan peer review. Yntsjinne manuskripten wurde yn dy proseduere toetst op wittenskiplike kritearia lykas:

• Adekwate werjefte fan ‘e probleemstelling
• Metodologyske ferantwurding
• Fakynhâldlike krektens fan feiten en analyzen
• Bydrage oan it fjild fan ûndersyk

As dat winske wurdt en nei oerlis mei de auteur leit de redaksje in yntsjinne en anonimisearre manuskript foar oan eksterne referinten. Yn prinsipe stribbet de redaksje nei twa peer reviewers it manuskript dy’t selektearre wurde op basis fan har kennis oer it tema dat yn it manuskript behannele wurdt. De kommentaren wurde anonimisearre foarlein oan ‘e auteur. Yn lêste ynstânsje beslút de redaksje oer it al of net opnimmen fan it manuskript yn De Vrije Fries. Artikels dy’t de peer review proseduere ûndergien hawwe, wurde by publikaasje ûnderskaat mei in asterisk (*).

English text

Download abstracts

Abstracts De Vrije Fries 2020
Abstracts De Vrije Fries 2017
Abstracts De Vrije Fries 2016
Abstracts De Vrije Fries 2015
Abstracts De Vrije Fries 2014

About the abstracts

From the year 2014 onwards De Vrije Fries has published abstracts of the articles published in the yearbook. These abstracts are presented online, that is to say: put on the website in PDF-documents.

Reader’s guide

  1. The abstracts are presented in Dutch, Frisian and English. The sequence is as follows: the language an article is written in comes first, then the Frisian, the Dutch and/or the English translations.
  2. Only authors affiliated to an institution are mentioned with the name and location of the institution concerned. Readers interested in contact details of authors not affiliated to an institution can contact the editorial board.

Peer review procedure

The editorial board of De Vrije Fries uses peer review for the assessment of articles. In this procedure, submitted manuscripts are checked against scientific criteria like:

•    Adequate presentation of the research question
•    Methodological justification
•    Professional accuracy of facts and analyzes
•    Contribution to the field of research

Optionally and after consultation with the author, the editorial board forwards a submitted and anonymised manuscript to the external referees. For each manuscript, the editorial board principally strives for two peer reviewers selected on the basis of their knowledge of the theme dealt with in the manuscript. Comments will be anonymously forwarded to the author. The editorial board ultimately decides whether a manuscript will be published in De Vrije Fries. Articles that have gone through the peer review procedure are distinguished by an asterisk (*) when published.