Treppehûs steedhâlderlik paleis

Friesland liet niet veel heel van stadhouderlijk erfgoed, maar het trappenhuis van het paleis in Leeuwarden, nu een hotel, is een prachtig voorbeeld. Brieven van de befaamde ontwerper Daniël Marot aan Johan Willem Friso en diens moeder Henriëtte Amalia vertellen de ontstaansgeschiedenis. Duidelijk wordt dat Marot een trappenhuis creëerde dat hij ‘pas la moindre pièce de la maison’ noemde: ‘niet het minste vertrek van het huis’.

Lês mear yn nûmer 6 fan 2017

Mear yn dit nûmer

Yn dit nûmer: Fryslân 2017-6

Metalen dekoraasjes: ‘Duorsum en Dekoratyf’

Ein 19de iuw is it tapassen fan metalen plafond- en muorreplaten, yn stee fan it tradisjonele stúkwurk, yn Ingelsktalige lannen in fernijing yn de bou: in soarte fan systeemplafond, gau oan te bringen, brânfertraagjend en maklik te ûnderhâlden. It brûken derfan past yn de 19de-iuwske estetyk: imitaasje, of leaver it oertreffen fan ambachtlik wurk, yn dit gefal it stúkwurk. De rike ornamintyk sprekt in begoedige publyk dan ek tige oan.
Yn dit nûmer: Fryslân 2017-6

Nanne Ottema en de Fryske ynterieurs

De namme Nanne Ottema docht foaral tinken oan in wiere samler en pas as yn lettere ynstânsje oan ynterieur. Dat stimpel is net hielendal mei terjochte: Ottema wie yn earste ynstânsje ynteressearre yn Fryske folkskeunst. As bestjoerslid fan it Frysk Genoatskip wie er in spin yn it web fan erfgoedbehâld, en kocht in soad oan. Dat gie net inkeld om losse objekten, mar ek winkel- , wurkpleats- en keamerynrjochtingen en -betimmeringen dy’t mei sloop bedrige waarden.
Yn dit nûmer: Fryslân 2017-6

‘Dyn hûs is dochs ek wa'tst bist’

Behâld troch kennis’ is de missy fan de Stichting Interieurs in Fryslân. It petear mei trije haadrolspilers, projektlieder Mirjam Stuurman, heechlearaar Johan de Haan en Stichtingsfoarsitter Ap Timmermans, makket dúdlik dat it systematyske ûndersyk al in soad weardefol guod boppe tafel brocht. Fan skoarstienbetimmering en finsterbanken oant doarskrukken en houtsnijwurk, achter de gevels is noch in soad weardefol guod te ûntdekken.