Terpeferiening

It iuwfeest fan de Vereniging voor Terpenonderzoek is in moaie gelegenheid om te fertellen wat de feriening docht en ta stân brocht hat. Doe’t de feriening ûntstie wienen al hûnderten terpen ôfgroeven sûnder te sjen nei de archeologyske skatten. Twa mannen spilen in krúsjale rol: de yndustrieel Jan Evert Scholten, mei jild en stjoering, en de entûsjaste archeolooch Albert van Giffen.

Lês mear yn nûmer 5 fan 2016

Mear yn dit nûmer

Yn dit nûmer: Fryslân 2016-5

Sneuvele Kontrareformaasje

It gesach fan de Habsburgers yn Fryslân, rûchwei it twadde en tredde kwart fan de 16de iuw, stie yn it ramt fan it werombringen fan it katolike leauwe. Yn de praktyk bliek it tsjinoerstelde. It gie der yn Fryslân minder rûch oan ta as yn Flaanderen en Hollân, it grifformearde tij wie net te kearen.
Yn dit nûmer: Fryslân 2016-5

Geert Ruiter, boere-pleiter

Elkenien dy’t him meimakke hat, is it der oer iens dat Geert Ruiter (1898-1959) in man wie mei grutte talinten, dy’t foar de agraryske sektor yn Fryslân gâns goeds út de wei set hat. Hy socht lykwols syn heil by de Dútske oerhearsker en dêrtroch ferspile er alles. Neffens de dûmny, dy’t by syn begraffenis it wurd hie, boude Ruiter in toer, mar seach er de ôfgrûn net.
Yn dit nûmer: Fryslân 2016-5

Fryske kennisekonomy

De Fryske Akademy en it Keninklik Frysk Genoatskip organisearje it Sieperda-sympoasium (16 desimber) oer de woartels fan de Fryske kennisekonomy. Yn Fryslân in foarpublikaasje oer suvelskiednis. It giet oer it suvelûnderwiis, lange tiid yn Boalsert, no yn Ljouwert, de meganisaasje en skaalfergrutting op de boerebedriuwen, en de ympakt op it sosjale libben fan alle belutsenen.