Omkoal of boef

Wie it domheid of goeleauwichheid en ferkearde adviseurs? Berne út rike âlden yn de Gouden Iuw like Benne Claeses, doopt om 1627 hinne, alles mei te hawwen. Hy waard keapfardijskipper, lykas de measten fan syn famylje. Mar in lokkige kar wie it net, hy makke flater op flater en it liket dêrom dat Benne leaver hie dat der wat minder fan him ferwachte waard.

Lês mear yn nûmer 2 fan 2018

Mear yn dit nûmer

Yn dit nûmer: Fryslân 2018-2

In snústerich muzikant: Jan de Roos

Net elkenien wie like optein oer syn sjongkeunst, mar foar wa’t ea in optreden fan him meimakke hat, wie it wol in memorabel barren. Foar al dy minsken is Jan de Roos (1897-1979) folle mear as in lietsjesjonger. Alles oan him wie opfallend: syn galmjende lûd, mar ek de massa medaljes dy’t er op syn jas spjelde hie. Syn grêf yn Oerterp leit der yn alle gefallen kreas by.
Yn dit nûmer: Fryslân 2018-2

Taco Kingma, in pionier

Foar de oarloch wie der amper oandacht foar minsken mei ferstanlike beheiningen yn Fryslân. Foar bern dy’t net op skoalle mei komme koenen, wienen der fjouwer skoaltsjes foar bûtengewoan ûnderwiis, mar de measten fan dizze bern waarden yn de doarpsskoaltsjes achter yn de klasse set. Taco Kingma hat syn libben wijd om har bettere ûntwikkelingskânsen te bieden. De swaksinnigesoarch, sa’t se doe neamd waard, hat in soad oan dizze ûnderwizerssoan út Aldegea te tankjen.
Yn dit nûmer: Fryslân 2018-2

Op syk nei Hans Goudsmit

Yn Menaam is in Joadske man begroeven op it protestantske hôf: Hans Goudsmit (1921-1944). Hy waard op 19 novimber 1944 flakby it doarp deasketten, tagelyk mei twa oare detinearden út de finzenis fan Ljouwert. Se moasten boetsje foar in fersetsdie fan oaren: it struien fan kopspikers op de Ryksstrjitwei tusken Ljouwert en Harns. Wa wie Hans Goudsmit en hoe is er hjir telâne kommen? In speurtocht troch argiven, fan Menaam oant Washington.