Sûker, slaven en Suriname

Yn it begjin fan de 18de iuw wienen de plantaazjes fan Suriname mei Nederlân ferbûn troch in stream fan minsken, guod en kapitaal. De bysûndere stikken fan de famylje Groenewoud yn it argyf fan de meniste gemeente fan Harns litte sjen dat ek yn Fryslân eigeners fan plantaazjes wennen. Fanwegen in langduorjend konflikt oer in neilittenskip binne de korrespondinsje tusken Suriname en de oanbelangjende partijen yn Fryslân en tal fan oare relevante dokuminten bewarre bleaun.

Lês mear yn nûmer 6 fan 2015

Mear yn dit nûmer

Yn dit nûmer: Fryslân 2015-6

Skutte yn de Scheene

Sels mei in Tomtom is it even sykjen yn Weststellingwerf om it plak op dizze foto te finen. Oer lân fiert in skulpepaad by de Helomavaart del nei in ferburgen buorskip by de Scheeneslûs. Kafee De Laatste Stuiver, sichtber achter de mannen op de rjochteroever, is hjoed-de-dei in wenhûs. Derneist rint in paad yn de rjochting fan de Rietvink, ien fan de seis mûnen dy't de Groote Veenpolder nei har oprjochting yn 1847 bemealle moasten.
Yn dit nûmer: Fryslân 2015-6

‘Door geen andere ter wereld overtroffen’

Animal history is mei in opgong dwaande. Benammen it hynder hat dêr in kaairol yn. De skiednis fan it Fryske hynder is noch mar amper wittenskiplik ûndersocht. Yn De Vrije Fries ferskynt meikoarten in earste oersjoch fan de rol fan it Fryske hynder yn de skiednis. Dy rikt fier oer de Fryske grinzen, en is in produkt fan Fryske hannelsgeast en kultuer.
Yn dit nûmer: Fryslân 2015-6

‘Bewizen’ terpûndersyk faak hiel tin

Fryslân hat de lêste desennia flink yn it (archeologyske) nijs west. Opgravingen lykas by Winaam, plus in tal ûndersikingen dan de steile kanten fan diels ôfgroeven terpen, hawwe sûnder mis in grutte fermeardering fan kennis oer it Fryske ferline opsmiten. Mar binne de útkomsten reden genôch foar de wissicheid, wêrmei't de soms fiergeande konklúzjes fan it ûndersyk presintearre wurde?