Sake Kooistra, lânferhuzer

It siet de Fryske lânferhuzers net mei: earst in woeste oertocht nei Ingelân, doe in ferskriklike skipbrek op de Amerikaanske kust en dêrnei yn de Amerikaanske Boargeroarloch telâne komme. It libben fan Sake Kooistra skeat fan it iene uterste yn it oare. En einige op it slachfjild.

Lês mear yn nûmer 1 fan 2017

Mear yn dit nûmer

Yn dit nûmer: Fryslân 2017-1

Fiskwoarst

Yn de Earste Wrâldoarloch ieten Dútske soldaten fiskwoarstjes fan mokselen dy’t yn Fryske mokselpellerijen sean en peld wienen. In iuw letter winne trije Ljouwerter ûndernimmers mei 'Leeuwarder Ziltezee Worst' de heechste ûnderskieding op de Noordelijke Slagers Manifestatie. In primeur: in Fryske drûge woarst fan fisk.
Yn dit nûmer: Fryslân 2017-1

Lourens Tadema fan Dronryp

Lourens Tadema syn rom skeat fan grutte oanbidding yn Ingelân ein 19de iuw ta mispriizgjen as trompeskilder nei syn dea. Oer dit ‘genie der middelmatigheid’ swijde men der yn Fryslân it leafste lang oer. It grutte sukses fan de tentoanstelling yn it Fries Museum lit de slinger de oare kant wer útslaan.
Yn dit nûmer: Fryslân 2017-1

It rampjier 1666

Nederlân hie midden 17de iuw mear seeskippen as alle oare Europeeske steaten by elkoar. Dochs wie it heitelân kwetsber foar see-terrorisme. Sa mei de oanfal fan de Ingelsen op de hannelsfloat yn it Fly en de dei dernei op it doarp West-Skylge neamd wurde.