Pionierje yn de Wâlden

Pionierje is in moderne protestantske term, mar eins better fan tapassing op 17de-iuwsk Fryslân, yn it bysûnder yn de súdlike Wâlden. Doe’t de katolike geastliken it fjild rommen, wie yn it tinbefolke súdwest-Fryslân amper in dûmny foar hannen. Yn 1600 wie der bygelyks yn hiel East- en Weststellingwerf mar ien dûmny.

Lês mear yn nûmer 5 fan 2017

Mear yn dit nûmer

Yn dit nûmer: Fryslân 2017-5

Cirksena syn godstsjinstfrijheid

De East-Fryske graaf Edzard Cirksena keas al yn 1519 foar it lutheranisme, folge troch in soad fan syn ûnderdienen. Dat kaam goed út by syn stribjen hearsker oer alle Fryske seelannen te wurden. Edzard wie de earste hearsker yn ús kontreien dy’t de godstsjinstfrijheid ynfierde, mar syn politike ambysjes rûnen speak.
Yn dit nûmer: Fryslân 2017-5

Radikaal mar freedsum

Faaks ûnder ynfloed fan de tiidgeast fol ûnrêst en striid keazen de menisten earst in radikale koers. Nei de dramatyske en bluodderige ûndergong fan it meniste Godsryk yn Münster, yn 1535, keas Menno Simons foar freedsume ynfolling fan de meniste beweging en krige yn Fryslân grutte oanhing.
Yn dit nûmer: Fryslân 2017-5

Geheime tsjerke

Yn de ferwachting dat Spanje syn gesach wol wer krije soe, wachten de katoliken yn de earste reformaasjejierren duldsum ôf. Mar nei de fal fan Stienwyk (1592) en Grins (1594) wie dat in yllúzje en gie de tsjerke ûndergrûnsk. Nettsjinsteande de hurde taal op de ûntelbere Plakkaten koenen de ‘papen’ yn betreklik kalmte har leauwen belide.