Frou as statusdrager

(27ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2021)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Foar de adel is status in foarname soarch, hat altyd sa west, mei in lang ûnderbeljochte rol fan de frou. Faak wurdt tocht oan keunstfoarwerpen as skilderijen en sulver, mar fan like grut belang wie it linnenguod fan de aadllike frou. It is in amper ûndersochte wize fan sjen nei status. Sa’t de skriuwers fan ús artikel dêroer, Sanny de Zoete en Yme Kuiper, it skriuwe: Wat riker de âlden, wat heger de steapels yn de linnenkast.

Hanteken yn lead

(27ste jiergong, nr. 4, july/augustus 2021)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Foar't de Yndustriële Revolúsje ambachtlik fakwurk troch massaproduksje ferdreau, lieten ambachtslju graach har merkteken achter op har wurk. Trotsearleadsjes, bedoeld as beskerming fan dakspikers tsjin it ynwetterjen, binne dêrfan in foarbyld. Soms sit dêrachter in bysûnder ferhaal. Dat is it gefal mei in leadsje dêr't ‘H.G. Born’ op stiet, in Ljouwerter leadjitter, dy't nettsjinsteande in minne start fan syn libben saaklik furoare makke.

Beskamsume marine

(27ste jiergong, nr. 3, maaie/juny 2021)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Wie de marine fan de Republyk yn earder iuwen in wrâldmacht dêr’t men ûntsach foar hie, ein 18de iuw wie fan dy reputaaseje net folle oer. It lân wie beset troch Frânske revolúsjonêre troepen en om har in ho ta te roppen, foelen Ingelske en Russyske troepen yn augustus 1799 de Noard-Hollânske kust oan.

Skrikke yn Japan

(27ste jiergong, nr. 2, maart/april 2021)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Yn it oant fier yn de 19de iuw ekstreem sletten Japan hienen Nederlanners by hege útsûndering in hiel lytse hannelspost: Deshima. Yn 1809 waard Jan Cock Blomhoff dêr magazynmaster, letter ‘opperhaad'. Syn frou wie Titia Bergsma, berne oan de Nijstêd yn Ljouwert. Titia har oanwêzichheid yn Japan wie in sensaasje: wie in bûtenlanner yn Japan in ‘bezienswaardigheid, in froulike bûtenlanner wie net earder sjoen.

Lutske, de widdo fan Dekema

(27ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2021)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Samar krige Yme Kuiper wat te hearren oer in hiel bysûnder skilderij fan Lucia van Unia, yn partikulier besit. Yn Fryslân leit er út wat it skilderij ús fertelt oer de Fryske aadlike wrâld healwei de 18de iuw. Oer opnij trouwe, oer opdrachtskilderje by in rite de passaazje sa’t de jonge widdo Lucia trochmakke en foaral: hoe seach har Dekema State der yn 1661 út?
Fryslan Friese marine

Fryske marine

26ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2020

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

It typysk Nederlânske gebrek oan histoaryske kennis is mei reedlik sukses yn it ûnderwiis bestriden mei it ynfieren fan saneamde 'kanons’. Lytse ferhalen, ûnmisbere ‘finsters’ op de skiednis. Sa’n kanon is der no ek foar de Marine.