Mei de feint yn de bedstee

It yn 1874 yn Stiens sletten houlik tusken Sjoerd Andringa en Iebel Bilstra smyt gau frucht -twa kear sels- mar rint binnen fjouwer jier op de non. De rûzje rint flink út de hân en it pear komt foar de rjochtbank sadat alle ellinde op strjitte komt. Wet en moraal binne ûnferbidlik: it houlik is in twangbuis foar de rest fan dyn libben.

Lês mear yn nûmer 2 fan 2016

Mear yn dit nûmer

Yn dit nûmer: Fryslân 2016-2

Kampioen teesette

Folslein jierren fyftich: in lanlike kompetysje teesette mei in finale yn -jawol- it Amsterdamske Concertgebouw. De 21-jierrige Ans Sandstra út Boalsert waard dêr op 18 desimber 1957 lânskampioene teesette. Earder dat jier, yn maart, wie in oare Friezinne, Gerbrig van Tuinen-Scheepsma út Skettens, al teesetkampioene op telefyzje wurden. Sy hie har oansletten by de groep fan lânbouhúshâldleararessen út Boalsert.
Yn dit nûmer: Fryslân 2016-2

Friezen yn Grinslân: Hora Siccama

Wapens en flaggen fan Grinslân en de Ommelannen hawwe Fryske eleminten, wat sjoen de skiednis gjin wûnder is. ‘Frysk gefoel’ yn Grinslân is oant no ta ek te peilen yn de ferhalende genealogy fan de Siccama’s, in geslacht dat him benammen yn de provinsje Grinslân ûntjoech. Wêrom fielt de famylje him sa Frysk? In trijelûk oer trije telgen, te begjinnen by Wiardus.
Yn dit nûmer: Fryslân 2016-2

Te pletter op Murnzer tsjerkhôf

De alve-jierrige Sjuttje Talma sit middeis 22 desimber 1943 yn de wenkeamer fan de pleats fan har âlden, mei har lytse suske Dieuwer op skoat, as ynienen in ferskuorrende knal klinkt. It reint glês en de bern wurde rekke. Flakby, op it lytse tsjerkhôf fan Murns, is in Amerikaanske B-24 Liberator delstoart, ien fan de goed fjouwerhûndert alliearde fleantugen dy't yn de Twadde Wrâldoarloch har Waterloo fine yn Fryslân.