Lantsjepik

Al yn de Midsiuwen wie de betonning yn de ferriederlike Waadsee in oerheidstaak. Grinslân begûn dermei by Skiermûntseach, mar dat kaam de Friezen op it sear. Sa kaam der in iuwenlange tonnerivaliteit, mei einleaze rjochtsaken ta gefolch.

 

Mear yn dit nûmer

Yn dit nûmer: Fryslân 2021-3

Stoarmfloeden en pealwjirms

It Fryske kustlânskip is sterk bepaald troch de ynfloed fan de see, mear spesjaal troch stoarmfloeden yn de 18de en 19de iuw. De ellinde waard slimmer troch de pleach fan pealwjirms. Hoe foarme dat de slieperdyk by Surch en it Warkumer Nijlân?
Yn dit nûmer: Fryslân 2021-3

Sênes út in aadlik libben

In lúks drinkglês mei 22 nammen fan aadlike jongelju, yn 1599 makke nei oanlieding fan in ferloving, biedt in unyk ynsjoch yn it libben fan de adel yn Fryslân. Under de nammen binne Cammingha, Botnia, Eminga, Walta, Grovestins, Burmania, Dekema en Ockinga.
Yn dit nûmer: Fryslân 2021-3

Oproer by Follegea

Yn augustus 1799 rekken de sneue restanten fan de Bataafske marine fermeald tusken de kriichsmachten fan Frankryk, Ingelân en Ruslân. De kanonnearboaten Schrik en Vernieler, de barkas De Ruijter en de galei Zeeduivel soene de Fryske kusten bewake, mar dat waard in beskamsum drama.