‘In boi allinne op ’e souder’, dichter Anne Jousma

‘Frysk dichter’ stiet net sûnder grutskens op syn grêfstien yn Easternijtsjerk, mar it wurk fan Anne Jousma (1900-1981) is fierhinne yn it ferjitboek rekke. Hy wie aktyf yn de tiid dat it manlike wurk fan Trinus Riemersma en Anne Wadman tige populêr wie. Syn eigen fersen en proaza wienen dêrby fergelike tear en myld en krigen net folle oandacht. Dat er oan reynkarnaasje leaude, die syn reputaasje ek gjin goed.

Lês mear yn nûmer 3 fan 2016

Mear yn dit nûmer

Yn dit nûmer: Fryslân 2016-3

Wêr’t de wite tinten wachtsje

Yn de jierren 1920 en 1930 diskusjearre reade, blauwe, anargistyske en kristlike kampfjoerjeugd drok op de Appelskeaster heide oer fragen oer rjocht en ûnrjocht, opstân en striid, ropping en taak. It wie der in prachtige buert foar: min ofte mear rûge natuer, in ûnoantaast lân, as lei it klear om mei idealisme opnij ynrjochte te wurden. De jeugd gie der hinne te kampearjen en kaam by elkoar, ûnderweis nei in bettere wrâld.
Yn dit nûmer: Fryslân 2016-3

Keapfardij yn oarlochstiid

Tusken it grut tal oarlochsbetinkingen yn Nederlân is amper plak foar de slachtoffers by de keapfardij. Dochs foelen op see tûzenen deaden. Yn maaie 1945 wienen fan de goed 1.100 Nederlânske skippen der 843 bûtengats, mei mei elkoar goed 18.500 opfarrenden. By de befrijing blieken 3.376 Nederlânske seelju omkaam te wêzen. Yn septimber 1945, nei de kapitulaasje fan Japan, wie dit oantal oprûn oant goed 3.600, tweintich prosint fan de folsleine floatbemanning. 421 Skippen gienen ferlern.
Yn dit nûmer: Fryslân 2016-3

Gjalt Zondergeld, sosjaal dreaun

In lytse fjirtich jier lyn feroarsake Gjalt Zondergeld in stoarm yn de Fryske wrâld. Oarsaak wie de ferskining fan syn proefskrift De Friese Beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen. Hjiryn beskreau er yn detail it hâlden en dragen fan de foarmannen fan de Fryske Beweging yn de perioade fan de beide wrâldoarloggen en it nasjonaalsosjalisme. Dat hâlden en dragen fan foaroansteande ‘bewegers’ wie, om it sa mar te sizzen, net echt wat datst fan ‘frije Friezen’ oangeande de nazibeweging ferwachtsje soest. Oer de motivaasje fan Zondergeld.