Fryske pleats yn Grinslân

It idee dat op de Grinzer klaai altyd grutte pleatsen stien hawwe, blykt net wier te wêzen. Net earder as yn de rin fan de 17de iuw dûke se op en hjitte dan Fryske skuorren. It wiene byldbepalende feroaringen, want de Grinzer skuorren wiene folle leger, sels leger as it foarhûs.

Lês mear yn nûmer 3 fan 2018

Mear yn dit nûmer

Yn dit nûmer: Fryslân 2018-3

Boer en lânskip

Hoe sille wy de kommende jierren in lânskip foarmjaan, dêr’t minske, natuer en ekonomy wer mei elkoar yn balâns yn komme? Watfoar strategyen binne nedich? En wa nimt it foartou dêrby? Op dy fragen binne no noch gjin ûndubelsinnige antwurden te jaan, hoewolt’t der hurd oan wurke wurdt.
Yn dit nûmer: Fryslân 2018-3

Heabergen

Oars as tocht hawwe de nije 20ste-iuwske pleatstypes yn Fryslân de heaberch net oerstallich makke. De heaberch blykt oant fier yn de 20ste iuw in agraryske funksje te ferfoljen en hat hjir en dêr noch altyd besteansrjocht op it boerehiem.
Yn dit nûmer: Fryslân 2018-3

Buorkje ûnder arsjitektuer

It Frysk Lânboumuseum hat in nij plak krigen yn de saneamde W.C. de Groot-pleats yn Goutum. In ryksmonumintale pleats yn de earmsholte fan de Overijsselselaan en it Van Harinxmakanaal. In pleats mei in bysûndere ûntsteansskiednis en in treflik ûnderkommen foar it museum.