Frysk Beweger Pieter Sipma

Heit fan de moderne Fryske Beweging waard Pieter Sipma (1872-1961) wol neamd. Dit wie benammen om’t er de learaar wie fan foaroansteande bewegers as Jelle Brouwer, Jan Melles van der Goot en Douwe Kalma. Hy hat ek in tal jierren aktyf yn de Jongfryske Mienskip west, oant syn eardere learlingen him oan ’e kant skoden.

Lês mear yn nûmer 4 fan 2019

Mear yn dit nûmer

Yn dit nûmer: Fryslân 2019-4

Moard by Cromharne

It wie dizich en kâld doe’t Antje Sjeerps op tongersdei 25 novimber 1762 om healwei alven mei bûter en apels op ’en paad stjoerd waard nei Gaast. Se soe der net oankomme en noait wer weromkomme. Se rûn David Elias tsjin it liif, dy’t him oan har fergripe woe, yn panyk rekke en in moard begie. 
Yn dit nûmer: Fryslân 2019-4

De vertellingen van Wilt Tjaarda.

Yn de yn 1982 bondele 34 semy-autobiografyske jeugdferhalen fan Theun de Vries fertelt syn alter ego Wilt Tjaarda fan de wrâld fan syn foarâlden. It is dreech fiksje en wierheid út elkoar te hâlden, mar dat wie ek de opset fan de skriuwer. Jan van Galen en Douwe Kootstra gongen op ûndersyk om de lokaasjes werom te finen.
Yn dit nûmer: Fryslân 2019-4

Kamen de Friezen út Poalen?

Hoe binne de opfallende oerienkomsten tusken it Frysk en it Pommersk te ferklearjen? Kinne Dútske migranten yn Brazilië ús helpe om in taal te rekonstruearjen dy’t yn it ferline oan ’e súdlike Eastseekust sprutsen waard? In ûndersyk nei Pommerske migranten yn 1859-1887 nei de dielsteat Espirito Santo en harren taal kin helpe.