In behindich mantsje

In ‘lytse bodder’ yn de Fryske striid is Gerben Colmjon wol neamd. Nei Harmen Sytstra hold hy de Fryske Beweging geande, sadat Troelstra en Kalma it letter fan him oernimme koenen. Troch selsstúdzje hat Colmjon him opwurke ta argivaris-bibliotekaris fan Fryslân. Hy hat him sawat dea skrept yn tsjinst fan it Frysk.

Mear yn dit nûmer

Yn dit nûmer: Fryslân 2021-2

Frysk guozzebrief

It iuwenâlde selskipsspul ‘ganzenbord’ (guozzebrief) krige yn 1880 in Fryske fariant troch de Feanster stiendrukker Piebe Krediet. Hy koe moaie tekenje en foarseach it boerd fan tagelyk -doe - typysk Fryske ‘bezienswaardigheden.’ Piebe hie de rûte sels rinnend ôflein om proeftekeningen te meitsjen.
Yn dit nûmer: Fryslân 2021-2

Titia, sensaasje yn Japan

200 Jier lyn stoar de Ljouwerter Titia Bergsma, oant op de dei fan hjoed ferneamd yn Japan, Se kaam dêr op de Nederlânske hannelspost Deshima om’t har man der ‘opperhaad’ waard. Se soarge foar opskuor troch de shogun ûnder eagen te kommen en har selsfersekerde hâlding.
Yn dit nûmer: Fryslân 2021-2

Makkumer skippers op paad

Yn de 17de iuw ûntjoech him yn Makkum in hieltyd belangriker skippersmienskip dy’t foaral hannel dreau mei kustfeart, oant de Lytse East (Noard-Dútslân en Denemarken). Kontakten yn Amsterdam en Hamburg brûkten de Makkumers om har wurkterrein almar út te wreidzjen, oant de Baltyske kust.