In kwelde geast

Doeke Hellema, de pakesizzer fan de bekende ‘kronykboer’ Hellema, gie al jong fan syn bertegrûn Achlum ôf om yn Utert te studearjen. Hy wie tûk, promovearre sels twa kear en reizge as marinedokter oer de wrâld, sabeare tsjin it sin: leafst kaam er werom nei Achlum. It iene nei it oare obstakel kearde dat op. Net altyd in oar syn skuld.

Lês mear yn nûmer 4 fan 2017.

Mear yn dit nûmer

Yn dit nûmer: Fryslân 2017-4

Foarkristlike mytology

De archeologen Evert Kramer en Jan Zijlstra fergelykje topstikken út Museum Dokkum mei fynsten yn it Angelsaksyske gebiet en konkludearje hiel foarsichtich dat de Friezen yn Dokkum in eigen, heidensk bolwurk ferdigenen tsjin it optwingen fan de Franken, dy’t Bonifatius foarútstjoerden. Dat fûnen de Friezen mar neat.
Yn dit nûmer: Fryslân 2017-4

It Fryske jild fan Lykele Jansma

Lykele Jansma wie neffens syn biograaf Steven Sterk ‘tefolle yntellektueel en yndividualist' om aardzje te kinnen yn it Fryske kulturele lânskip. Hy wie dwers, eigensinnich en gaoatysk. Mar hy stie foar de Fryske saak. Dêr brocht er Fryske postsegels en Fryske bankbiljetten foar út. In nuodlike aksje, mar benaud wie Jansma wis net.
Yn dit nûmer: Fryslân 2017-4

Mata Hari

Op Mata Hari is in soad negatyfs te plakken, mar feit is dat se tûk wie, aventoerlik en hiel fernimstich om har doelen te berikken. Dêr sette se har lichem foar yn, har fantasy, har moed en har sosjale feardichheden. Mar de dynamyk fan de Earste Wrâldoarloch wjerstie se úteinlik net, mei de tragyske eksekúsje as einpunt, oars dapper ûndergien.