De politikus

Willem Loadewyk spile in belangrike rol yn de Grinzer en Drintske skiednis, mar wat hie er yn Fryslân klearspile? Hy wie hjir in útsprutsen bemiddeler dy’t him foege nei syn plak as tsjinner fan de Steaten. It Hôf wie yn it bestjoerlik opsicht bûten byld rekke. Yn de einleaze strideraasje fan de Fryske polityk wie it wier in prestaasje fan formaat om alle kearen de goede oplossing te finen.

Dit is in artikel út nûmer 5. Acht moannen nei ferskining komt it nûmer online beskikber.

 

Mear yn dit nûmer

Yn dit nûmer: Fryslân 2020-5

In bargehok, en hy stonk

De deftige hearen fan it Fries Genootschap woenen net neist him sitte: Knjillis Salverda stonk, koe gjin himmele húshâlding ûnderhâlde en der wie gjin sprake fan dat hy kâns makke om lid fan it Genootschap te wurden. Salverda studearre yn Frjentsjer en waard skoalmaster yn Wûns, dêr’t hy net mear weikaam. Skande, fûnen syn freonen, want syn skriuwen setten sy tige heech.
Yn dit nûmer: Fryslân 2020-5

De militêr

Net allinnich Willem Loadewyk is yn it ferjit rekke, militêre skiednis is no folslein út ’e graasje. Spitich, want de Opstân hie net slagje kinnen sûnder de tûke herfoarmingen fan de greef, wêrmei't it Steatske leger tsjin de Spaanske oermacht dochs wûn. En de Republyk fûnemint krige.
Yn dit nûmer: Fryslân 2020-5

It lichem

Op 1 juny 1620 kamen trije manlju nei it Hôf yn Ljouwert, in dei nei it ferstjerren fan de stedhâlder. Willem Loadewyk, Us Heit, hie de oerhaal fan in wike earder net oerlibbe. De troch Maurits stjoerde, ferneamde, dokter Bontius koe neat mear dwaan. No kaam it oan op de obduksje, it snijen yn it lichem fan de greef. Hoe ha de trije manlju dat belibbe?