Eangst foar twaspjalt

Yn 1619 akseptearre Fryslân de nije learregels fan de Dordtse Synode, dy’t benammen oer de genedelear gie. De tsjerke-oarder fan Dordrecht wie in oar ferhaal. Men wie benaud foar twaspjalt op tsjerklik mêd, mei alle ûnheil dêrfan yn de provinsje. Fan in skieding tusken tsjerke en steat wie noch lang gjin sprake.

Lês mear yn nûmer 2 fan 2019.

Mear yn dit nûmer

Yn dit nûmer: Fryslân 2019-2

In bysûndere românse

In bysûndere fynst: in ûnbekend portret fan Mata-Hari, makke troch Piet van der Hem. En de ûntdekking krijt noch mear betsjutting troch opdûkte brieven, dêr’t de dûnseres har leafde foar har stedgenoat yn uteret. Van der Hem joech se by wize fan betelling oan in advokaat, en dy syn dochter brocht se op in feiling.
Yn dit nûmer: Fryslân 2019-2

Amsterdamske ‘Beweger’

Hy hat him ynset foar Frysk ûnderwiis en publisearre de Lytse Fryske Spraekleare, mar dochs krige Pieter de Clercq (1849-1934) in soad krityk op syn krewearjen foar it Frysk. Tsjinstanners fûnen dat hy neat fan de Fryske folksaard begriep om’t er út Hollân kaam. Mar Eeltsje Folkertsma wie fan betinken dat de Fryske Beweging him tankber wêze moast.
Yn dit nûmer: Fryslân 2019-2

Eastergoa of Westergoa?

It soe as in klok klonken ha: net allinne Skiermuontseach en Rottumereach, mar op de fêstewâl ek: Eastereach en Westereach. De skiednis woe lykwols oars ha, dat wy sizze tsjintwurdich: Eastergoa en Westergoa. Ek net raar – mar wol apart. Want hoe komt it eins dat we gjin ‘eagen’ mar ‘goaën’ ha yn de nammen fan ús âldste lânsdouwen?