Amsterdamse School yn Fryslân

Skoallen yn Ljouwert, fuotbalbouwurken yn Snits, in pleats yn De Pein en tsjerken yn Twizel en Kollum: der steane yn Fryslân mear Amsterdamse School-gebouwen ast tinke soest. Arsjitektuerhistoarikus Peter Karstkarel makke in moaie seleksje.

Lês mear yn nûmer 6 fan 2016

Mear yn dit nûmer

Yn dit nûmer: Fryslân 2016-6

Gysbert Japicx

Jawis hat Gysbert Japiks belangryk west foar de Fryske taal, foar de wize fan skriuwen, foar it skriuwen yn de memmetaal, dus ek foar de Fryske eigenwearde, want de Fryske identiteit. Mar soms bekrûpt it gefoel dat Gysbert hiel fier boppe alle lettere Fryske skriuwers stiet. Dêr is gjin reden ta.
Yn dit nûmer: Fryslân 2016-6

Tjerk Hiddes

Yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits hinget sûnt koart in fergetten skilderij mei dêrop it admiraalsskip fan de Fryske seeheld Tjerk Hiddes de Vries. In ‘freon’ fan it museum seach it by tafal op in sjochdei fan in keunstfeiling yn Brussel. In spannend ferhaal oer de lotgefallen fan it doek. En fan it stânbyld fan de held yn Harns.
Yn dit nûmer: Fryslân 2016-6

Nije ensyklopedy

Troch ûnferfeard trochsetten fan in tal diehards besleat de provinsje ta it meitsje litten fan in nije ensyklopedy fan Fryslân. Mar is dat net nuver, in mega-printwurk produsearje yn in tiid dêr’t de digitalisearring ús om de earen fljocht? De bekende resinsint Atte Jongstra hat lykas altyd in miening klear.