Wrâldspiler yn ierappels

(20ste jiergong, nr. 3, maaie/juny 2014)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

It is in mearke dat Marijke Muoi as earste yn Fryslân ierappels iet, yn 1742. Wol wie dat in tûke reklameset: as ien fan foarstlik bloed dizze nuvere knol iet, moast se wol feilich wêze. Yn werklikheid waarden ierappels al desennia foar Marijke Muoi iten; it wie relatyf goedkeap folksiten, dat net folle easken oan grûn en klimaat stelde.

De bloei fan Frysk toaniel

(20ste jiergong, nr. 2, maart/april 2014)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Fryslân hâldt fan toaniel: hast elk doarp hat syn eigen selskip, fan Achlum oant Ysbrechtum. Jobbegea telt sels fjouwer. De measte spylje yn it Frysk. Mar leafst 138 selskippen binne oansletten by de Stichting Amateurtoaniel Fryslân dy't opliedingen biedt en wedstriden hâldt om de kwaliteit te ferbetterjen.

De wanhoop fan 1914-1918

(20ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2014)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Yn Europa is in enoarme stream betinkingen oan de Earste Wrâldoarloch op gong kommen. Yn Nederlân, en hielendal by ús yn Fryslân, is dat in stik minder. De 'Grutte Oarloch' is hjir yn it ferjitboek rekke. Slimmer noch: de measte Friezen witte inkeld de namme fan Mata Hari te neamen as it om '1914-1918' giet.

De kar fan 1813

(19de jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2013)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Dit en de kommende twa jier wurdt in soad omtinken bestege oan "200 jier keninkryk". "1813" is in belangryk jier yn ús skiednis. It jildt as in nije start op de púnheapen fan de Frânske Tiid.

Fryslân en de Gouden Iuw

(19de jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2013)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

De krúsjale perioade yn ús skiednis is de ûnfoarstelbere útbarsting fan ûndernimmingssin ein 16de, earste helte 17de iuw. Yn ekonomyske, mar ek yn kulturele sin kamen de kustgewesten mei in soad ideeën en produksje, oare konkurrinten achterlittend.

Us Museum

(19de jiergong, nr. 4, july/augustus 2013)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Sa kalm as it Fries Museum skynber desennialang troch de tiid kaam, sa ûnrêstich is it sûnt 2000. It ynstitút oan de Ljouwerter Turfmerk liek wat ynsliept, mar krige ûnder lieding fan Wim van Krimpen in flinke skop ûnder it gat. De lêste jierren is it museum spylbal fan hieltyd heftiger diskusjes.