Wetterstriid en Woudagemaal

(23ste jiergong, nr. 3, maaie/juny 2017)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

De bysûndere geology fan Fryslân is de oarsaak fan 'ivige' diskusje yn de behearsking fan it oerflaktewetter. Om yn it suden en Lege Midden buorkje te kinnen, moat hieltyd hurder pompt wurde en dêrtroch sakket de boaiem ek hieltyd. Dat kostet jild, in hiel soad jild.

Rôversbinde út Dokkum

(23ste jiergong, nr. 2, maart/april 2017)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Hoe’t de Nederlânske justysje begjin 18de iuw funksjonearre is moai te sjen yn de kwestjes oangeande ‘draaideurcrimineel’ Jaco Muller. Jaco, syn heit ferdwûn ergens op in slachfjild yn East-Europa, kaam yn Dokkum telâne, mei syn mem, dy’t ûnderweis in nije keardel fûn hie.

Sake

(23ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2017)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Hoopfol gluorke it beloofde lân Amearika foar har dy’t oerlevere wienen oan saken as in mislearre rispinge en sykten, religieuze twingerij en politike ûnmûngens. Sake Kooistra stiet symboal foar tûzenen Friezen dy’t in better libben sochten troch radikaal mei it âlde te brekken.

Gysbert forever?

(22ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2016)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

In wol wat socht foarfal wie yn 2016 oanlieding foar in nije Gysbert Japiks-betinking, reden foar Doeke Sijens om him ôf te freegjen wêr’t dochs dy oanhâldende oanbidding fan in net iens sa geweldige skriuwer op rêst.

De Byldestoarm

(22ste jiergong, nr. 5, septimber /oktober 2016)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Al hoe krúsjaal de Byldestoarm foar de skiednis fan de Lege Lannen wie, we witte noch hieltyd net goed wêrtroch’t dy feroarsake is. De stekflam dy’t yn 1566 yn Steenvoorde ûntstutsen waard en rap nei it noarden luts, ûnderweis hûnderten tsjerken ferwoastigjend, wie gjin opwâling fan it grifformearde leauwe dat samar opkaam.

Heabroei

(22ste jiergong, nr. 4, july/augustus 2016)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Boeren ûngetiidzje net mear en dêrmei liket it begryp heabroei thús te hearren yn de skiednis. Fansels bestiet it ferskynsel noch hieltyd, mar lang net mear sa algemien as yn de jierren fyftich-sechtich. De ellinde dy’t it mei him meibrocht, is navenant ôfnommen.