Paleizen fan it plattelân?

(24ste jiergong, nr. 3, maaie/juny 2018)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

No't hieltyd mear minsken har in miening foarmje oer it lânskip, wurde ek de dêr oanwêzige pleatsen prominint ûnderwerp fan diskusje. Heech tiid om ús te ferdjipjen yn it ûntstean fan de Fryske pleats.

Hear fan stân

(24ste jiergong, nr. 2, maart/april 2018)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Wigle van Aytta, Wurdumer fan goede komôf, krige in status dy’t gjin Fries foar of nei him wist te berikken. Wigle, dy’t syn namme nei de gelearde moade yn it Latyn oanpaste nei Viglius, hie in bestjoerlik-wittenskiplike karriêre om dêrnei oan it Habsburger hôf yn Brussel ta de heechste rûnten troch te kringen.

Ienling yn literêre leechte

(24ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2018)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Yn it begjin fan de 20ste iuw like de Fryske literatuer op stjerren nei dea. Sels Jan Jelle Hof, de foarman fan de Fryske Beweging, fûn it Frysk in folkstaal, gjin wiere kultuer. Krekt yn dy jierren skreau Teatse Holtrop út Drylts. Mar de tiid siet him dus tsjin.

Unbekend terrein

(23ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2017)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Ien fan Johan Cruijff syn wiisheden is ‘sjochst it net earder as datst troch hast’, in trochtinker dy’t goed past by wat achter Fryske gevels oan weardefol erfgoed skûlet.

500 jaar Reformaasje

(23ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2017)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Sa yntinsyf oft de betinking fan Luther syn stellingen yn Dútslân fierd wurdt, sa frij ûnferskillich bart dat yn Fryslân. It liket op de stadige protestantisearring dy’t ús kontreien yn de 16de iuw ûndergie.

Myte Hari

(23ste jiergong, nr. 4, july/augustus 2017)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Oant fier bûten de lânsgrinzen sprekt Margaretha Zelle, benammen bekend as Mata Hari, bot de ferbylding: Frânske boeken, Dútske, Amerikaanske, in telefyzjesearje troch de BBC; it kin net op. Net sa frjemd dus, dat it Fries Museum dizze hjerst in bysûndere útstalling oan har wijt.