Let besef

(26ste jiergong, nr.3, maaie/juny 2020)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Fryslân stie fan it begjin fan de 20ste iuw oant yn de jierren sechtich fol mei suvelfabriken. Se produsearren net allinne tsiis en bûter, mar ek in soad ôffalwetter. Dat gie streekrjocht de sleat derneist yn, mei as gefolch stank en fiskstjerte, benammen simmerdeis.

Hoesa befrijing?

(26ste jiergong, nr.2, maart/april 2020)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Hoe grouwélich de ein fan de Twadde Wrâldoarloch Nederlân trof, Fryslân kaam der betreklik ûnskeind fan ôf. Dochs wie ek hjir de blydskip grut doe’t de alliearde troepen yn april 1945 triomfantlik troch de provinsje lutsen.

Bêste melkers

(26ste jiergong, nr.1, jannewaris/febrewaris 2020)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Ein 19de, begjin 20ste iuw groeide de yndustry yn it Ruhrgebiet ta grutte omfang. Dat luts in soad wurkfolk, ek fan it eigen plattelân, wêrtroch’t dêr tekoart oan arbeiders ûntstie. Yn dat gat sprongen foaral Friezen.

Hoop op ferlossing?

(25ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2019)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Yn it lêste fearnsjier fan de 19de iuw libben tsientûzenen Nederlaners yn útsichtleaze earmoede. Gjin wurk, gjin jild, gjin iten. Minne húsfêsting, oan bernemûlen faak gjin gebrek. Tryste útsichteazens is it lot fan de leechste klassen.

Dryste seefarders

(25ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2019)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

By it wurd Fiking hat hast elkenien fuort in byld foar de geast. Op Wickie de Viking nei binne dat meastentiids amper freedsume foarstellingen.

Langs Swette en de Kûkhernsterwei

(25ste jiergong, nr. 4, july/augustus 2019)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Theun de Vries-kenner Douwe Kootstra gong op syk nei de plakken dy’t de bekende skriuwer neamt yn syn bondels De vertellingen van Wilt Tjaarda.