Popmuzyk yn Fryslân

(18de jiergong, nr. 3, maaie/juny 2012)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Ofrûne Peaske fierde popfestival Aaipop yn Nijlân it 25-jierrich jubileum. It fanâlds wat steatlike Tresoar wijde der in lytse tentoanstelling oan, dêr't dúdlik mei waard dat popmuzyk yn Fryslân tsjintwurdich serieus nommen wurde moat.

Befalle en oerein komme

(18de jiergong, nr. 2, maart/april 2012)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

It kreambêd hat iuwenlang in boarne fan grutte bliidskip en bot fertriet west. Tal nij libben stoar wer gau, in frou oan it befallen wie yn grutte ûnwissichheid oft se de befalling oerlibje soe. De risiko's wienen grut, de kennis fan komplikaasjes lyts.

Jonathan Israel

(18de jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2012)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Radical Enlightenment, dêr stiet Jonathan Israel om bekend. En radical, dat is er wol: hy makket dúdlike karren. De (Westerske) politike filosofy yn it tiidrek 1650-1800 is troch Jonathan Israel ta oersichtlike proporsjes werombrocht.

Grinsgefallen

(17de jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2011)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

De yndieling fan Fryslân yn gemeenten fan de Frânske Tiid ôf is in út en troch fermaaklike cocktail fan wiisheid, persoanlike ambysjes, oergeunst, hebsucht en doelmjittichheid. En it proses giet troch: binne noch mar krekt tal fan gemeenten yn súdwest-Fryslân gearfoege ta in grutte ienheid ûnder lieding fan Snits, de opdieling fan Boarnsterhim ûnder syn buorlju is oansteande.

Staveren 950 jier stêd

(17de jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2011)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

De âldste stêd fan Fryslân, dat is Staveren. In namme dy't op midsiuwske kaarten faak iensum yn in grutte lege omkriten stiet te pronkjen. Sa'n stêd moat dochs wol wat foarstelle, soest tinke.

De Fryske Ko

(17de jiergong, nr. 4, july/augustus 2011)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

It is mar goed dat it ferneamde brûnzen byld fan ús mem yn Ljouwert op in sokkel stiet, dan liket dizze oer-Fryske ko noch in bytsje ymposant. Se is eins mar in lytskenien. Sok praat moast begjin jierren fyftich, doe't oer de foarm fan it byld neitocht waard, net hawwe.