Skrikke yn Japan

(27ste jiergong, nr. 2, maart/april 2021)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Yn it oant fier yn de 19de iuw ekstreem sletten Japan hienen Nederlanners by hege útsûndering in hiel lytse hannelspost: Deshima. Yn 1809 waard Jan Cock Blomhoff dêr magazynmaster, letter ‘opperhaad'. Syn frou wie Titia Bergsma, berne oan de Nijstêd yn Ljouwert. Titia har oanwêzichheid yn Japan wie in sensaasje: wie in bûtenlanner yn Japan in ‘bezienswaardigheid, in froulike bûtenlanner wie net earder sjoen.

Lutske, de widdo fan Dekema

(27ste jiergong, nr. 1, jannewaris/febrewaris 2021)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Samar krige Yme Kuiper wat te hearren oer in hiel bysûnder skilderij fan Lucia van Unia, yn partikulier besit. Yn Fryslân leit er út wat it skilderij ús fertelt oer de Fryske aadlike wrâld healwei de 18de iuw. Oer opnij trouwe, oer opdrachtskilderje by in rite de passaazje sa’t de jonge widdo Lucia trochmakke en foaral: hoe seach har Dekema State der yn 1661 út?
Fryslan Friese marine

Fryske marine

26ste jiergong, nr. 6, novimber/desimber 2020

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

It typysk Nederlânske gebrek oan histoaryske kennis is mei reedlik sukses yn it ûnderwiis bestriden mei it ynfieren fan saneamde 'kanons’. Lytse ferhalen, ûnmisbere ‘finsters’ op de skiednis. Sa’n kanon is der no ek foar de Marine.

Treflik mar fergetten

(26ste jiergong, nr. 5, septimber/oktober 2020)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Greef Willem Loadewyk, omkesizzer fan Willem van Oranje, waard op 23-jierrige leeftiid yn Fryslân syn saakwaarnimmer en nei de moard op Oranje steedhâlder. Dy jeugdichheid plus de gaoatyske omstannichheden – folop oarloch mei de Spanjerts, in tsierderige bestjoerskultuer, oprinnende religieuze spanningen – ferhegen it risiko op spul.

Nei it Easten!

(26ste jiergong, nr.4, july/augustus 2020)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

It ûnder de foet rinnen fan westlik Ruslân yn 1941 like foar de Dútsers alle kâns te bieden de dream fan Lebensraum ynfolling te jaan. Dêr koene se goed Germaanske ‘broedervolken’ by brûke.

Let besef

(26ste jiergong, nr.3, maaie/juny 2020)

Dit nûmer komt nei acht moannnen online besikber.

Fryslân stie fan it begjin fan de 20ste iuw oant yn de jierren sechtich fol mei suvelfabriken. Se produsearren net allinne tsiis en bûter, mar ek in soad ôffalwetter. Dat gie streekrjocht de sleat derneist yn, mei as gefolch stank en fiskstjerte, benammen simmerdeis.