Yn dit nûmer: Fryslân 2018-5

De folkshistoarikus

Dûmny Joast Halbertsma geniete in status as fantasyrike âldheidkundige, folkskundige en benammen kundich gelearde op literêr mêd. De kulturele skiednis fan Fryslân is sterk troch him kleure, mar hoefolle ynfloed hie Joast Hiddes Halbertsma werklik op de skiednis fan Fryslân en hoe is syn omgong mei de Fryske skiednis te typearjen? 
Yn dit nûmer: Fryslân 2018-5

Joost en de froulju

De wrâld fan Joost Halbertsma wie in manljuswrâld: trije bruorren, fiif soannen, kollega’s, gelearden, jonkers. Mar by better besjen spilen de froulju likegoed in grutte rol yn syn libben. En net allinnich yn syn persoanlik libben: hy brocht bygelyks yn lêzingen de beheiningen foar froulju út de fatsoenlike stân op it aljemint. De selsbewuste en berette Fryske frou wie syn model.
Yn dit nûmer: Fryslân 2018-5

De romantikus

Wa’t it wurk fan Joast Hiddes Halbertsma begripe wol, moat him ferdjipje yn de romantyk. Dizze taalgelearde wie ommers yn wêzen in romantikus: de autentike Fryske kultuer seach er belicheme yn de âlde Fryske adel, fandêr syn freonskippen mei jonker Idzert Aebinga van Humalda, jonker Willem Anne van Haren en Maurits Pico Diderik baron van Sytzama.
Yn dit nûmer: Fryslân 2018-5

Dy hillige Rimen en Teltsjes

Elk Frysk doarp hat wol in strjitte dy’t nei Joast of Eeltsje Halbertsma neamd is: de adoraasje foar de bruorren hâldt al twahûndert jier oan. Sûnder de Halbertsma’s gjin Fryske literatuer en gjin Fryske Beweging, sa is de gedachte by dizze earbewizen. Net earder as doe’t de Fryske literatuer loskaam fan de Fryske taalstriid, raande de ynfloed fan de Rimen en Teltsjes fuort.
Generic selectors
Exact matches only
Search in title
Search in content
Search in posts
Search in pages