Yn dit nûmer: Fryslân 2018-4

'Dit is Hetzer' op it skilderij

De tekst 'Dit is Hetzer Bouricius' is nei restauraasje wer te lêzen op it portret fan Hector Bouricius (1592-1636). Offisjeel is it in berneportret, mar de skilder hat syn takomst al foar eagen hân: Hetzer sil as soan fan in advokaat oan it Hôf fan Fryslân rjochten studearje. In eksponint fan de ynternasjonale studint. Krekt tweintich jier letter wurdt er advokaat yn Ljouwert.
Yn dit nûmer: Fryslân 2018-4

Ienling yn manlike rûnten

Anna Maria van Schurman is de bekendste Nederlânske froulike gelearde yn de 17de iuw. Se bestudearre ferskillende easterske talen, it Latyn koe se troch en troch. Anna Maria har Lân fan Latyn wie lykwols wol in oar lân as dat fan har kollega-humanisten. Dêrby kaam: Anna Maria die noait wat heal. 
Yn dit nûmer: Fryslân 2018-4

Sletten wrâld

Latyn wie de mienskiplike taal fan de universiteiten, dus ek dy fan Frjentsjer. Kolleezjes waarden yn it Latyn jûn, alle wichtige boeken wienen yn dy taal. Dêrtroch koenen bygelyks bûtenlânske studinten maklik oanskowe. De deade taal ferbûn de gelearde wrâld. Hoe gie dat yn praktyk en wat feroarsake de ûndergong fan Latyn?
Yn dit nûmer: Fryslân 2018-4

De rang fan Frjentsjer

Doe’t it akademyske libben yn de Republyk yn de 17de iuw ta bloei kaam, hie ‘Frjentsjer’ in stevige status, want it wie de op ien nei âldste universiteit fan it lân. En âlderdom betsjutte wat yn dy dagen. Mar wat hâlde dy rang yn? Wie Frjentsjer dêrmei ek de op ien nei belangrykste universiteit fan de Noardlike Nederlannen?
Generic selectors
Exact matches only
Search in title
Search in content
Search in posts
Search in pages