Yn dit nûmer: Fryslân 2018-1

Luther? Zwingli? Bach?

Fan 1965 oant 1980 tsjinne pastoar J.H. Janning yn Warkum, dy’t benammen bekend stie as keunstskilder en kolleksjoneur fan tsjerklike keunst. Sa kocht er yn Amsterdam brânskildere ruten fan Luther en Bach en pleatste dy yn de Sint-Werenfridustsjerke fan Warkum. Letter die bliken dat se Zwingli en professor Hugenholtz foarstelden.
Yn dit nûmer: Fryslân 2018-1

Panders: in ûndernimmende famylje

1898 wie in goed Pander-jier. Pier Pander fan Drachten makke in spesjale munt by de ynhuldiging fan keninginne Wilhelmina yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam, dêr’t de stoffearring fersoarge waard troch de firma H. Pander út Den Haag. En Klaas Pander waard mei de Haarlemsche Hockey en Bandy Club Nederlânsk hockeykampioen. Pier, Klaas, en de Haachske Panders: se binne dwers troch Nederlân famylje -út Blokzijl wei.
Yn dit nûmer: Fryslân 2018-1

Ik bûgje net

Teatse Holtrop syn fassinaasje mei de dea sil te krijen hawwe mei de iere dea fan twa fan syn susters, de oanstriid om mear slokjes achteroer slaan as by in ûnderwizer heart, ferklearret Doeke Sijens út syn bleu wêzen. Mar syn taalkennis, benammen fan it Frysk, is by fersin fergetten rekke.
Yn dit nûmer: Fryslân 2018-1

In reade dûmny

In iuw lyn ferstoar Sybe Kornelis Bakker, in ‘foaroanman’ fan De Blijde Wereld, in reade dûmny dus. Hy wie paadsljochter foar kristenen yn de SDAP, foar it brûken fan de Fryske taal yn de tsjerke en foar dûmnys yn it leger. Portret fan in Fries dy’t dûmny, sosjalist en militêr yn ien wie.
Generic selectors
Exact matches only
Search in title
Search in content
Search in posts
Search in pages