Yn dit nûmer: Fryslân 2017-3

Funksjoneel lilk

Glêzen poaterbewarplakken, hokken dêr't de boer syn poaters yn bewarre, wiene nuttich mar fertsjinnen faak gjin skjintmepriis. De ynspekteur fan de Folkssûnens yn Fryslân meldt yn 1942 op fersyk fan de gemeente Dantumadiel dat er tastimt yn it ôfjaan fan in boufergunning foar twa poaterbewarplakken, ûnder betingst dizze op in plak achterôf op it hiem te bouwen, om’t se net moai binne. In ynventarisaasje.
Yn dit nûmer: Fryslân 2017-3

Slaven en kofje: in Harnzer konneksje

De Surinaamske kofjeplantaazje Frederiksdorp brocht om ein 18de iuw hinne grutte rykdom op, mei troch de arbeid fan sa’n hûndert ta slaaf makke persoanen. In part fan it kapitaal is ek yn Fryslân bedarre, yn Harns om krekt te wêzen. Hoe kaam dizze stream fan kapitaal ta stân? En de ferhâldingen op de plantaazje leinen net sa swart-wyt as wol tocht wurdt.
Yn dit nûmer: Fryslân 2017-3

Smertlike dea

Op it serene, hast saaie Noarderbegraafplak yn Ljouwert springt in monumint yn it each. It is in moai heech byld fan in treurjende frou dat djippe smert útstrielet. Dy drôvenis, sels ûntheistering en fertwiveling oerfoel Willem te Winkel folslein ûnferwachts. Troch in bombardemint ferlear er frou en soantsje.
Yn dit nûmer: Fryslân 2017-3

Wetterstriid en Teakesyl

Yn de winter fan 1965/66 stienen foar it lêst grutte dielen fan midden-Fryslân ûnder wetter. It Hooglandgemaal makke dêr in ein oan. Folle earder (1920), en yngripender, wie de bou fan it Woudagemaal. It ferloste de boeren yn de feangreidegebieten fan djoere wetteroerlêst. Mar de oanlis gie net sûnder slach of stjit. Wetterbehearsking yn Fryslân is in yngewikkelde kwestje.
Generic selectors
Exact matches only
Search in title
Search in content
Search in posts
Search in pages