web Fryslan sept okt 2016

(22ste jiergong, nr.5, septimber /oktober 2016) 
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân).

Al hoe krúsjaal de Byldestoarm foar de skiednis fan de Lege Lannen wie, we witte noch hieltyd net goed wêrtroch’t dizze feroarsake is. De stekflam dy’t op 10 augustus 1566 yn it Frânsk-Flaamske Steenvoorde ûntstutsen waard en hiel rap nei it noarden luts, ûnderweis hûnderten tsjerken ferwoastigjend, wie yn alle gefallen net opwâling fan it grifformearde leauwe dat samar opkaam.

Lês mear...

Fryslan juli aug

(22ste jiergong, nr.4, july /augustus 2016) 
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Boeren ûngetiidzje net mear en dêrmei liket it begryp heabroei thús te hearren yn de skiednis. Fansels bestiet it ferskynsel noch hieltyd, mar lang net mear sa algemien as yn de jierren fyftich-sechtich. De ellinde dy’t it mei him meibrocht, is navenant ôfnommen. Heabroei liedt al gau ta kwaliteitsferlies fan it rûchfoer, mar in grutter risiko wie dat de heabulte yn ’e brân fleach, en dêrmei de pleats, en net seldsum ek it wenhûs, yn syn ferdjer meisleepte. 

 

Lês mear...

cover

(22ste jiergong, nr.3, maaie/juny 2016)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân).

Byldbepalend ûnderdiel yn it Fryske lânskip is de boerepleats, sûnt lange tiid it stoere beaken fan sosjale, ekonomyske mar ek lânskiplike gearhing. Mar de pleatsen meitsje yn rap tempo plak foar boerderettes en smelle feeloadsen. Mei dat sloopwurk ferdwynt in part fan ús identiteit, mar ek in boarne fan kennis foar de skiednis fan de Fryske pleats. We tinke dat we der al safolle fan witte, mar it ûndersyk is de lêste desennia net bot opsketten. Lokkigernôch is der no in entûsjaste leafhawwer dy’t him mei grutte kennis fan saken op de matearje stoart en der graach oer fertelt: Paul Borghaerts út Easterein. In wiidweidich ferslach yn dizze edysje.

 

Lês mear...

Fryslan ma apr cover

(22ste jiergong, nr.2, maart/april 2016)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân) 

Goed santich jier nei de Twadde Wrâldoarloch is der noch altyd belangstelling foar. Nije oarlochsmusea (der is in Holocaustmuseum yn Amsterdam yn oprjochting), in net te stopjen stream boeken en ek ûndersyk nei de fleantugen dêr't in soad fan delstoart binne: inisjativen yn oerfloed om de oantinkens libben te hâlden.

Lês mear...

(22ste jiergong, nr.1, jannewaris/febrewaris 2016)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân) 

Yn Museum Hindeloopen hinget it 18de-iuwske skilderij 'De ree van Hindeloopen' fan G.S. Hutting (sjoch omslach), mei dêrop twa skippen mei drokte oan board. Dit byld fan de ree fan Hylpen is ús frjemd en prikkelet de fantasy: wêr gienen dy skippen hinne? Hoe navigearren se lâns gefaarlike ûndjiptes en ferriederlike kusten? Wêr kaam de bemanning wei? Wa finansierre dizze ûndernimmingen? Watfoar lading hellen se op en wêr gie dy hinne? Wat wie de relaasje mei de fêste wâl?

Lês mear...