Novimber 2011
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

De yndieling fan Fryslân yn gemeenten fan de Frânske Tiid ôf is in út en troch fermaaklike cocktail fan wiisheid, persoanlike ambysjes, oergeunst, hebsucht en doelmjittichheid. En it proses giet troch: binne noch mar krekt tal fan gemeenten yn súdwest-Fryslân gearfoege ta in grutte ienheid ûnder lieding fan Snits, de opdieling fan Boarnsterhim ûnder syn buorlju is oansteande.
De Frânske besetter makke oan de argayske yndieling in ferstannich ein en kreëarre 82 mairiën en alve stêden. Dat wie twa iuwen lyn. Mar de Frânsen wienen noch net fuort, of de tastân fan foar 1795 kaam werom: alve stêden en tritich gritenijen. Dêrmei wie de bestjoerlike slachkrêft werom nei wat "op zijn elf-en-dertigs" hite soe. De bydrage fan Theo Kuipers jout hjirfan in helder oersjoch. Dat in weryndielingsproses him dreech fan boppe-ôf opkringe lit, makket Piet Hemminga wol dúdlik yn syn 'Snoer zonder einde'. Tiden ha tiden, hyt it: de tiid moat ryp wêze foar oanpassingen, oars wurdt it neat. By de weryndielingen fan 1984 kaam it hjir en dêr hast ta gewelddiedich protest.
Dat omstannichheden bot feroarje en 'grinsgefallen' ynienen hiel oare belangen krije, bewiist wol it artikel De grinzen fan Smellingerlân fan Peter Terpstra. Troch de gau oprinnende priis fan turf waarden de foarhinne weardeleaze feenflaktes yn de Wâlden hieltyd mear wurdich.

Lês mear...

Septimber 2011
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

De âldste stêd fan Fryslân, dat is Staveren. In namme dy't op midsiuwske kaarten faak iensum yn in grutte lege omkriten stiet te pronkjen. Sa'n stêd moat dochs wol wat foarstelle, soest tinke. It feest fan 950 jier stedsrjochten wurdt dit jier dan ek op grutte wize fierd. Mar fan de stedske alluere is tsjintwurdich yn Staveren neat te fernimmen. In bolwurk op de midsiuwske grins tusken de Hollânske en Fryske machtsgebieten? Sikest der om de nocht nei. Pakhuzen? Ymposante regintewenningen? Swiere fêstingwurken? Stedspoarten? Yn gjin fjilden of wegen te sjen. Staveren is in leuk stedsje, mar it ferline is net te finen yn it strjitbyld. De skiednis is lykwols hiel nijsgjirrich! Yn dizze Fryslân in tal prikeljende bydragen, lykas dy fan Gerben Abma, dy't him ôffreget wêr't dy wûnderlike tsjinstelling dochs wei komt, tusken gloarjeryk ferline en suffe werklikheid.

Lês mear...

July 2011
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

It is mar goed dat it ferneamde brûnzen byld fan ús mem yn Ljouwert op in sokkel stiet, dan liket dizze oer-Fryske ko noch in bytsje ymposant. Se is eins mar in lytskenien. Sok praat moast begjin jierren fyftich, doe't oer de foarm fan it byld neitocht waard, net hawwe. De makker, de Ljouwerter keunstner Gerhardus Adema, waard by wize fan sprekken gek fan de bemuoisucht fan foaroansteande feefokkers: gjin detail ûntkaam oan har oandacht en hieltyd rûnen se de keunstner mei nije easken foar de fuotten.

Lês mear...

Maaie 2011
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

In opfallend, âld keunstwurk út de Koninklijke Bibliotheek siert it maaie-nûmer fan Fryslân. De makker fan de gûasje yn it liber amicorum fan Juw van Harinxma út 1625 soe wol nuver opsjen as er syn wurk weromsjocht op in tydskriftomslach mei as tema-titel "Seks".

No dekt dizze titel net hielendal de lading, om yn terminology te bliuwen. De measte artikelen geane mear oer de morele opfettingen: oer wat mocht en wat net. Oer wat nettsjinsteande dien waard en wat neilitten waard. Net folle ûnderwerpen hâlde de minske sa dwaande as seksualiteit, mar der frij oer prate: no nee.

Lês mear...

Maart 2011
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

De maartedysje fan Fryslân giet oer wetteroerlêst. Dat is in "ivich" aktueel tema yn Fryslân. Gean mar nei: it langste stik bûtengrins is wetter, oant de oanlis fan de Ofslútdyk (eins 'Ofslútdaam') sâlt wetter. En dan hat de Fryske boaiem ek noch in ûnhandich reliëf. Der is wat ôfbodde om it wettermeunster te betwingen. En noch altyd hâldt it tema 'It wetter komt' dy Friezen dwaande.

Lês mear...