(21ste jiergong, nr.3, maaie/juny 2015)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

It is 250 jier lyn dat Maria Louise, lângrevinne fan Hessen-Kassel (1688-1765), yn Ljouwert stoar. Nei har houlik mei Johan Willem Friso, de Prins fan Oranje, mocht sy har Prinses fan Oranje neame. Maria Louise, sûnt de 19de iuw oantsjut as Marijke Meu, wie al jong widdo; har man ferdronk yn 1711 yn it Hollandsch Diep. Har iennige soan waard yn 1747 ûnder de namme Willem IV erfstedhâlder yn alle gewesten fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen.

Lês mear...

(21ste jiergong, nr.2, maart/april 2015)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

De âldste films dy't yn Fryslân makke binne, datearje út de jierren tsien fan de foarige iuw. It binne losse peareltsjes en skrille kontrasten mei de stream technysk perfekte digitale bylden fan no. It bewarjen, konservearjen en ûntsluten is in moaie taak fan it Fries Film Archief. Entûsjastelingen út it Fries Film Circuit stienen yn de jierren tachtich oan de basis fan it FFA mei it beskriuwen fan wat oan films de muoite fan it bewarjen wurdich wie.

Lês mear...

(21ste jiergong, nr.1, jannewaris/febrewaris 2015)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Hendrik Straat: om de safolle jier stiet er wer eefkes yn de belangstelling en dat feroaret net om't hy de sjirurch wie dy't yn 1954 de Siameeske twilling Tjitske en Folkje út Mûnein suksesfol skiede. De operaasjekeamer wie fol mei filmmakkers en hyt fanwege har lampen. Dat wie noch it dreechste fan de yngreep, sa fertelde de dokter de manmachtich opkommen parse. Straat bleau der kalm ûnder. Hy hâlde ôfstân en bleau deftich en formalistysk, faaks in ynstrumint om ôfstân te hâlden ta syn pasjinten.

Lês mear...

(20ste jiergong, nr.6, novimber/desimber 2014)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

By it begjin fan de ûntdekkingsreizen fan Nederlanners, ein 16de iuw, wie al gau dúdlik watfoar ôfgryslike winsten behelle wurde koenen mei produkten dy't Azië wol fuortbrocht en dy't wy, benammen op tafel, bot misten. Mar de tocht nei de East wie lang en gefaarlik. Doe't elkenien derfan oertsjûge wie dat de ierde yndie rûn wêze moast, betochten tûke lju datst folle rapper lâns de noardrûte koest as hielendal om Kaap de Goede Hoop. It hiele lân wie al gau yn de besnijing fan dizze saneamde Noardpassaazje. Mar inkele djoere proeven letter bliek dit paad ûnbegeanber, want tefolle iis. Dochs hellen de pioniers profyt út har gefaarlike syktocht.

Lês mear...

(20ste jiergong, nr.5, septimber/oktober 2014)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Deistige saken wurde gau sleur: we steane der te min by stil, meitsje der bygelyks noait foto’s fan, en beskriuwe se likemin. Histoarysk ûndersyk wurdt der lokkigernôch hieltyd mear nei dien want ‘Alledaagse geschiedenis’ is populêr. Yn dizze Fryslân giet it om wat allegear op tafel kaam yn Fryske húshâldingen, benammen op de enoarme feroaringen yn it lêste kwart fan de 18de iuw en de earste helte fan de 19de iuw.

Lês mear...