(22ste jiergong, nr.1, jannewaris/febrewaris 2016)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân) 

Yn Museum Hindeloopen hinget it 18de-iuwske skilderij 'De ree van Hindeloopen' fan G.S. Hutting (sjoch omslach), mei dêrop twa skippen mei drokte oan board. Dit byld fan de ree fan Hylpen is ús frjemd en prikkelet de fantasy: wêr gienen dy skippen hinne? Hoe navigearren se lâns gefaarlike ûndjiptes en ferriederlike kusten? Wêr kaam de bemanning wei? Wa finansierre dizze ûndernimmingen? Watfoar lading hellen se op en wêr gie dy hinne? Wat wie de relaasje mei de fêste wâl?

Lês mear...

(21ste jiergong, nr.6, novimber/desimber 2015)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Der giet net in dei foarby of der stiet wol in archeologyske fynst yn de krante. Wat dêrby opfalt, is dat se almar spektakulêrder lykje te wurden: gefolch fan de ek yn dy kant fan wittenskip trochgeande publikaasje-'rat race'?
Tanimmende argewaasje or dryste konklúzjes op grûn fan meager bewiis yn de Fryske archeology bringt Kerst Huisman derta in pear opfallende foarbylden kritysk tsjin it ljocht te hâlden.

Lês mear...

21ste jiergong, nr 5, septimber/oktober 2015
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Tusken april en augustus 1915 luts de Dútske besetter fan België in 350 kilometer lang triedstek, ûnder 2.000 Volt spanning, lâns de grins mei Nederlân. Dizze 'Doodendraad' sit net mear yn ús ûnthâld. 'Den draad' hat lykwols ek Fryske libbens koste; dêroer yn dizze Fryslân in ferslach fan Kees Bangma.
Gjin momint fan ferfeling yn it libben fan Rintsje Sybesma. Dizze feedokter spile in promininte rol yn de Fryske beweging. Doeke Sijens beskriuwt him as in romantikus, in yntellektueel waans Fryske passy syn politike kompas yn de oarloch yn disoarder brocht.
Adam Westerman stie begjin 17de iuw op de kânsel yn Warkum. Hy skreau (Groote) Christelycke Zee-vaert, ien fan de meast lêzen Fryske publikaasjes út de 17de iuw. Oer him giet it artikel fan syn fiere opfolger as dûmny, Jan Dirk Wassenaar. En Aly van der Mark oer it sneue ein fan de universiteitshortus Frjentsjer.

(21ste jiergong, nr.4, july/augustus 2015)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

Op 20 juny 1789 begjint de Frânske Revolúsje dy't foar hiel Europa, en dus ek Fryslân, grutte gefolgen ha sil. Uteinlik docht bliken dat maatskippij en oerheden skoksgewiis in nij tiidrek ynkatapultearre binne, mar ûnderwilens wienen de ferskrikkingen fan de napoleontyske oarloggen dy't Europa yn earmoed stoarten. Fryslân krijt dêr syn part fan, en ûntkomt likegoed net oan de konskripsje, de tsjinstplicht.

Lês mear...

(21ste jiergong, nr.3, maaie/juny 2015)
Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân)

It is 250 jier lyn dat Maria Louise, lângrevinne fan Hessen-Kassel (1688-1765), yn Ljouwert stoar. Nei har houlik mei Johan Willem Friso, de Prins fan Oranje, mocht sy har Prinses fan Oranje neame. Maria Louise, sûnt de 19de iuw oantsjut as Marijke Meu, wie al jong widdo; har man ferdronk yn 1711 yn it Hollandsch Diep. Har iennige soan waard yn 1747 ûnder de namme Willem IV erfstedhâlder yn alle gewesten fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen.

Lês mear...