Fryslan juli aug 2018cover website(24ste jiergong, nr.3, july/augustus 2018) Dit nûmer komt nei acht moannen online beskikber.

De universiteit fan Frjentsjer ferbyldet noch altyd in Fryske fantoompine. Mei University Campus Fryslân wurdt besocht om it ‘ferlern akademyske terrein’ foar de provinsje wat werom te winnen. Mar wat gie doe eins ferlern? Wat moatte wy ús by it Frjentsjerter ynstitút foarstelle? Wie it by de opheffing yn 1811 net al in toarre tûke?

Lês mear...

cover fryslan mei juni 2018(24ste jiergong, nr., maaie/juny 2018) Dit nûmer komt nei acht moannen online beskikber.

No't hieltyd mear minsken har in miening foarmje oer it lânskip, wurde ek de dêr oanwêzige pleatsen prominint ûnderwerp fan diskusje. Heech tiid om ús te ferdjipjen yn it ûntstean fan de Fryske pleats, hielendal mei it each op de iepening fan it nije Frysk Lânboumuseum op 22 juny.

Lês mear...

cover fryslan maart april 2018(24ste jiergong, nr., maart/april 2018) Dit nûmer komt nei acht moannen online beskikber.

Wigle van Aytta, Wurdumer fan goede komôf, krige in status dy’t gjin Fries foar of nei him wist te berikken. Wigle, dy’t syn namme nei de gelearde moade yn it Latyn oanpaste nei Viglius, hie in bestjoerlik-wittenskiplike karriêre om dêrnei oan it Habsburger hôf yn Brussel ta de heechste rûnten troch te kringen. Hy wie beslissend yn it ta stân kommen fan de Transactie van Augsburg, dêr’t de Nederlannen as Boergondyske Kreits in status fan semy-ûnôfhinklikheid mei krigen. Hy fergeat syn Frysk komôf net, mar woartele mear en mear yn Flaanderen, dêr’t er yn Leuven it Collegium Viglianum stichte.

Lês mear...

cover fryslan jan feb 2018(24ste jiergong, nr.1, jannewaris/febrewaris 2018) Dit nûmer komt nei acht moannen online beskikber.

Yn it begjin fan de 20ste iuw like de Fryske literatuer op stjerren nei dea. Sels Jan Jelle Hof, de foarman fan de Fryske Beweging, fûn it Frysk in folkstaal, gjin wiere kultuer. Krekt yn dy jierren skreau Teatse Holtrop út Drylts. Mar de tiid siet him dus tsjin. En dan ek noch ris neiroppen te wurden as dranksuchtich. Miskien hie er tefolle lêst fan it nearzige Drylts, miskien moast it publyk neat ha fan syn soms wat swiere kost (Twa susters, De wylde boerinne). As in peal boppe wetter stiet syn bûtengewoane taalbehearsking: syn oersettingen fan Shakespeare syn Hamlet en Julius Caesar kin men ek sjen as oanklacht tsjin de doe lamliddige posysje fan de Fryske literatuer.

Lês mear...

(23ste jiergong, nr.6, novimber/desimber 2017) Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân).Fryslan november december 2017-1-cover website

Ien fan Johan Cruijff syn wiisheden is ‘sjochst it net earder as datst troch hast’, in trochtinker dy’t goed past by wat achter Fryske gevels oan weardefol erfgoed skûlet. Pas no’t it hurde wurk fan de Stichting Interieurs in Fryslân gemeente foar gemeente mei deeglike ferslaggen de iepenbierheid siket, realisearje we ús hoe’t ús omtinken him beheinde ta de bûtenkant fan histoaryske gebouwen. 

Lês mear...