Fryslan juli aug 2018cover website(24ste jiergong, nr.4, july/augustus 2018) Dit nûmer komt nei acht moannen online beskikber.

De universiteit fan Frjentsjer ferbyldet noch altyd in Fryske fantoompine. Mei University Campus Fryslân wurdt besocht om it ‘ferlern akademyske terrein’ foar de provinsje wat werom te winnen. Mar wat gie doe eins ferlern? Wat moatte wy ús by it Frjentsjerter ynstitút foarstelle? Wie it by de opheffing yn 1811 net al in toarre tûke?

Yn dit temanûmer antwurd op in tal fragen dêroer: watfoar posysje naam Frjentsjer yn ferliking mei oare universiteiten yn? Hoe ynternasjonaal oriïntearre wienen de studinten eartiids? Ut watfoar fakulteiten bestie de akademy? Hoe iepen of sletten wienen dizze ynstellingen? De lêste fraach is tagelyk in ynkyk yn de gelearde wrâld, karakterisearre troch benammen it fiergeande brûken fan Latyn, fandêr de namme, Lân fan Latyn, foar de eksposysje yn Frjentsjer yn Museum Martena, dêr’t Fryslân foar dizze útjefte nau mei gearwurket, krekt as mei Tresoar. En Lân fan Latyn is wer in boartlike ferwizing nei Lân fan taal, ûnderdiel fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. De Fryske taal ferbynt ús, wylst it Latyn as taal fan gelearden ek minsken útslút.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) of op ús facebookpagina of twitterpagina.