cover fryslan mei juni 2018(24ste jiergong, nr., mei/juni 2018) Dit nûmer komt nei acht moannen online beskikber.

No't hieltyd mear minsken har in miening foarmje oer it lânskip, wurde ek de dêr oanwêzige pleatsen prominint ûnderwerp fan diskusje. Heech tiid om ús te ferdjipjen yn it ûntstean fan de Fryske pleats, hielendal mei it each op de iepening fan it nije Frysk Lânboumuseum op 22 juny.

It ûndersyk nei 20ste-iuwske pleatsebou yn Fryslân stiet noch yn 'e berneskuon. Der is wol in stúdzje ûnderweis nei de ‘gelede boerderij’, mar oer bygelyks montaazjestâlen en lisboksstâlen moat noch in soad wurk dien wurde. In opfallend aspekt is de heaberch. Soest tinke dat dit in hast fergetten elemint op it boerehiem is, de heaberch dûkt sa no en dan wer op. De ‘gelede boerderij’ en de lisboksstâl, fan paleiskes nei paleizen, of yndustryhallen, sa’t se smeulsk neamd wurde, mei as konstante dat elke nije ûntjouwing stevige krityk ûntlokket. Lânskipshistoarikus Theo Spek (Rijksuniversiteit Groningen) set ien en oar yn perspektyf¬.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) of op ús facebookpagina of twitterpagina.