cover fryslan maart april 2018(24ste jiergong, nr., maart/april 2018) Dit nûmer komt nei acht moannen online beskikber.

Wigle van Aytta, Wurdumer fan goede komôf, krige in status dy’t gjin Fries foar of nei him wist te berikken. Wigle, dy’t syn namme nei de gelearde moade yn it Latyn oanpaste nei Viglius, hie in bestjoerlik-wittenskiplike karriêre om dêrnei oan it Habsburger hôf yn Brussel ta de heechste rûnten troch te kringen. Hy wie beslissend yn it ta stân kommen fan de Transactie van Augsburg, dêr’t de Nederlannen as Boergondyske Kreits in status fan semy-ûnôfhinklikheid mei krigen. Hy fergeat syn Frysk komôf net, mar woartele mear en mear yn Flaanderen, dêr’t er yn Leuven it Collegium Viglianum stichte.

In bysûndere bân boude er op mei Gent. Yn de Sint-Baafskatedraal krige er in grêfkapel, dêr’t it trijelûk hinget dat yn dizze Fryslân ôfbylde is. Viglius syn grêf yn de katedraal is slim fertutearze. It soe in moai earbetoan oan dizze grutte Fries wêze as by de ûntbleating fan syn stânbyld, kommende oktober foar de Ljouwerter Kânselarij, en it oan him wijde sympoasium, dizze skande oplost is.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) of op ús facebookpagina of twitterpagina.