cover fryslan jan feb 2018(24ste jiergong, nr.1, jannewaris/febrewaris 2018) Dit nûmer komt nei acht moannen online beskikber.

Yn it begjin fan de 20ste iuw like de Fryske literatuer op stjerren nei dea. Sels Jan Jelle Hof, de foarman fan de Fryske Beweging, fûn it Frysk in folkstaal, gjin wiere kultuer. Krekt yn dy jierren skreau Teatse Holtrop út Drylts. Mar de tiid siet him dus tsjin. En dan ek noch ris neiroppen te wurden as dranksuchtich. Miskien hie er tefolle lêst fan it nearzige Drylts, miskien moast it publyk neat ha fan syn soms wat swiere kost (Twa susters, De wylde boerinne). As in peal boppe wetter stiet syn bûtengewoane taalbehearsking: syn oersettingen fan Shakespeare syn Hamlet en Julius Caesar kin men ek sjen as oanklacht tsjin de doe lamliddige posysje fan de Fryske literatuer.

Yn dizze edysje de woartels fan de famylje Pander, dêr’t wy Pier sa goed fan kenne. Fierder besiket Kees Kuiken fraachtekens by in aparte skipbreuk yn 1567 op te helderjen. En Hester Postma beskriuwt de skiednis fan it Ljouwerter Stasjonskertier, dat dit jier sa’n promininte rol spilet yn Kulturele Haadstêd.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) of op ús facebookpagina of twitterpagina