(23ste jiergong, nr.6, novimber/desimber 2017) Klik op de ôfbylding foar it folsleine digitale nûmer (pdf bestân).Fryslan november december 2017-1-cover website

Ien fan Johan Cruijff syn wiisheden is ‘sjochst it net earder as datst troch hast’, in trochtinker dy’t goed past by wat achter Fryske gevels oan weardefol erfgoed skûlet. Pas no’t it hurde wurk fan de Stichting Interieurs in Fryslân gemeente foar gemeente mei deeglike ferslaggen de iepenbierheid siket, realisearje we ús hoe’t ús omtinken him beheinde ta de bûtenkant fan histoaryske gebouwen. 

 

Net hielendal ûnlogysk fansels, want kuierjend troch bygelyks Gaast stappe wy net maklik by in bewenner deryn om te sjen wat foar moais oft dêr is. In gebrek lykwols is dat wy gewoan net witte wat der achter de foardoar sit. Ekstra lestich wurdt it sykjen yn de wittenskip dat it gjin fêste regel is dat in monumintale gevel in selde ynterieur herberget. Troch de strakke, systematyske wurkwize fan de Stichting en tsientallen belutsen frijwilligers komt, gemeente foar gemeente, dat allegearre oan it ljocht. Yn dizze Fryslân beljochtsje saakkundigen in pear bysûndere fynsten oant no ta.

Reagearje op in artikel? Idee foar in bydrage? Meld it fia de mail (This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.) of op ús facebookpagina of twitterpagina